Demonstraasje yn Ljouwert tsjin geweld yn Iran
By in Iran-demonstraasje yn Ljouwert wiene sa'n hûndert minsken oanwêzich. Wethâlder Nathalie Kramers spruts de demonstranten ta. Se liet harren witte dat se sjoen en stipe wurde.
Op it Wilhelminaplein yn Ljouwert wie de demonstraasje út solidariteit mei de protesten yn Iran.
Demonstraasje yn Ljouwert
De demonstranten skandearren teksten en ferbaarnden foto's fan de Iraanske lieder Khamenei. Se wolle dat it geweld ophâldt.
Yn Iran binne al wikenlang protesten tsjin it Iraanske rezjym. Dêrby binne tûzenen demonstranten omkaam. Neffens minskerjochte-organisaasjes binne ek tûzenen minsken arrestearre.
Mear 112-nijs fynst hjir: