Iraanske David út Ljouwert sjocht fol spanning nei nijs: "Als Pahlavi komt, stromen straten vol"
Demonstranten yn Iran keare har tsjin de autoritêre ayatollahs. Mear as 2.000 fan harren moasten de protesten mei de dea bekeapje. Ek yn it bûtenlân litte Iraniërs har stim hearre. David Shakoravi út Ljouwert is ien fan harren.
"Het licht schijnt in de duisternis, maar de duisternis heeft het niet begrepen", seit Shakoravi.
It rezjym yn Iran besiket om de hjoeddeiske protesten mei hurde hân del te slaan. En nettsjinsteande it oprinnende deadetal, litte boargers har net ôfskrikke. En dus is de grutte fraach: wurdt de opstân de kop yndrukt, of bûge de ayatollahs de holle?
Mensen komen om het leven omdat ze om vrijheid vragen.
David Shakoravi hopet op it lêste. De Iraniër wennet yn Ljouwert en hâldt it nijs sekuer yn de gaten.
Fiif dagen lyn hat er foar it lêst wat heard fan syn famylje yn Iran. "Ik heb daar zussen en een broertje zitten en ook de familie van mijn vrouw is daar. Allemaal wilden ze de straat op. We maken ons dan ook zorgen."
De situaasje dêr is op it stuit "heel erg", seit Shakoravi. "Het regime veroorzaakt een bloedbad. Mensen komen om het leven. En waarom? Omdat ze om vrijheid vragen."
Protest yn Den Haag
De ynwenner fan Ljouwert is bliid dat minsken de moed hawwe om har te fersetten tsjin de Islamityske Republyk; it repressive, strang islamityske regear.
Sa sammele him snein yn Den Haag in groep minsken om te protestearjen. "Als ze dat in Iran via de buitenlandse tv zien, weten ze dat ons hart bij hen ligt."
De namme dy't kontinu by de protesten skandearre wurdt, is dy fan Reza Pahlavi. Hy is de soan fan Mohammad Reza Pahlavi, de lêste sjah fan it lân, dy't yn 1979 ôfset waard.
Hy kaam yn 1953 oan 'e macht, nei in kûp dy't troch Amearika stipe waard. Iran wie yn dy perioade in sekuliere steat mei neie bannen mei it Westen.
Shakoravi fertelt dat de mearderheid fan 'e befolking Pahlavi, dy't yn Amearika, as lieder wol. "Hij denkt erover om terug te keren naar Iran. Dan zullen de straten volstromen", seit Shakoravi. "Zeker als ook het Westen zich achter de bevolking schaart."