Omrop Fryslân

Gjin Euro 95 mear te keap op It Amelân troch misferstân en winterske omstannichheden

Troch in misferstân is de levering net goed gien
© Omrop Fryslân
Op It Amelân is gjin Euro 95 mear te keap. Troch in misferstân is earder de levering by tankstasjon Metz oan de Reeweg yn Nes net goed gien en troch de winterske omstannichheden kin de tankauto no net op It Amelân komme.
It tankstasjon yn Nes ferkeapet as iennige Euro 95 op it eilân. Pas tiisdei wurdt in nije levering ferwachte. Euro 98 en disel is dêr noch wol te keap.
Autobedriuw Metz hat in protte reaksjes krigen fan klanten. It autobedriuw riedt klanten mei in benzine auto oan om no mar Euro 98 te tanken. Neffens it bedriuw kin dat sûnder skea oan de motor.
Fan Euro 98 is noch wol foldwaande foarried.
Mear nijs oer it winterwaar fan freed fynst yn ús liveblog:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.