"Ien grut feest": organisaasje sjocht posityf werom op huldiging
In dei nei de huldiging fan de Nederlânske olympiërs is de rêst op It Hearrenfean werom. Nettsjinsteande in oantal (online) klachten sjocht de organisaasje posityf werom.
Goed 5.000 minsken kamen op de huldiging ôf: dat resultearre yn in grôtfolle Oude Koemarkt.
"Gjin gedonder"
De organisearjende partijen, wêrûnder gemeente Hearrenfean, Sportstad, Thialf en de provinsje, hiene sa'n 2.000 minsken ferwachte.
Dat dat oantal mear as ferdûbele waard, makke neffens wurdfierder fan gemeente Hearrenfean, Richtsje Stornebrink, net in soad út: "Yn dy sin ha we gjin gedonder hân. It wie ien grut feest en hiel gesellich."
Klachten
Online wiene der dochs in oantal klachten oer de organisaasje, benammen oer de lokaasje. De sichtberens fan it poadium en de ôfstân ta it poadium wiene dêrby foaral it punt.
"Moatst it wol yn perspektyf sjen", seit Stornebrink dêroer. "Der binne altyd minsken dy't kleie, mar no liket it of binne der mear minsken dy't kleie as minsken dy't bliid binne. Dy proporsjes kloppe net. De measte besikers hawwe in hiel moaie jûn hân."
Yn totaal hat de gemeente ien klacht oer de mail binnenkrigen.
Lokaasje
Ferskate minsken hawwe online oare lokaasjes foarsteld, mar neffens Stornebrink wie krekt de Oude Koemarkt de meast gaadlike opsje.
"We hawwe bewust keazen foar dizze lokaasje, want dy koe hiel moai de sporters mei de hoareka yn kontakt bringe. It sintrum is dan it gesellichst", leit Stornebrink út.
"Oare opsjes wiene logistyk minder handich. Dan moatst wer hiel oare dingen regelje en dan hast ek in oare sfear. Wy sjogge der sa posityf op werom."