Goud op de Spelen, en no ek noch riddere: Fryske kampioenen op besite by de kening
De Fryske sporters dy't by de Olympyske Spelen yn Milaan medaljes wûn hawwe, hawwe tiisdei op besite west by kening Willem-Alexander, keningin Máxima en prinses Amalia.
Yn de Glazen Zaal fan Paleis Noordeinde yn Den Haach waarden de sporters moarns ûntfongen troch minister-president Rob Jetten en Mirjam Sterk, minister fan Langduorjende Soarch, Jeugd en Sport en chef de mission Carl Verheijen.
Keninklike ûnderskieding
Femke Kok, Marijke Groenewoud, Antoinette Rijpma-de Jong en Itzhak de Laat binne riddere.
Jorrit Bergsma, dy't earder al goud wûn by de Olympyske Spelen fan 2014 yn Sochi en doe al in ûnderskieding krigen hie, krige in byldsje foar de gouden prestaasje yn Milaan.
Op besite by de kening
Dêrnei gienen de medaljewinners op besite by de keninklike famylje.
De Fryske delegaasje yn Milaan wie goed foar fiif gouden medaljes, twa kear sulver en ien kear brûns.
Besjoch hjirûnder de bylden fan de besite fan de sporters:
Medaljewinners Olympyske Spelen op besite by de kening