Omrop Fryslân

Olympiërs op it poadium op It Hearrenfean: sa ferrûn de huldiging

Alle sporters waarden tongersdei huldige op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Pelle Numan
De Olympyske Spelen binne hast in wike foarby, mar tiid om by te kommen is der amper. De iene nei de oare huldiging stiet op de planning. Tongersdeitejûn wie It Hearrenfean it toaniel.
Tûzenen minsken út alle streken wei sammelje har dizze jûn op de Oude Koemarkt fan It Hearrenfean.
De Glasbazers soargje dat it publyk waarm wurdt, wylst it wachtsjen is op de sporters.
It binne lange dagen voor de olympiërs. Moandei fleagen se werom út Milaan, tiisdei stie in besite oan de kening op it programma en tongersdei waard elkenien op It Hearrenfean yn it sintsje set.
Dochs genietet Femke Kok der noch folop fan. "It is allinnich mar super moai dat al dizze minsken sa meilibje."
It plein stie grôtfol
© Omrop Fryslân, Pelle Numan
Antoinette Rijpma-de Jong is troch alle drokte amper bykaam.
"Dizze wike sit al hielendal fol, ik ha noch gjin momint op 'e bank sitten", seit se.
"Alles giet achterelkoar troch en ik genietsje der hiel bot fan. It is hiel leuk, mar ik bin wol hiel wurch."
De olympyske perioade wie har lang genôch. Se is bliid dat se wer thús is, by har hynders.
"It is hiel noflik om dêr wer by te wêzen en om sa wer it normale libben op te pakken."
De goudwinners wurde huldige
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Lang om let de fuotten op fertroude boaiem, befalt shorttracker Itzhak de Laat goed.
"Het eerste wat ik gedaan heb is een bitterbal en een kroket eten. Dat heb ik gemist!"
"Ik heb een maand lang alleen maar pasta's gegeten", ferfolget de Ljouwerter.
"Dat is heel lekker, maar niet voor een maand lang. Ik kan nu weer af van het strenge dieet."

Matties

In reedrider dy't miskien wol it measte opfoel wie Jorrit Bergsma. Net allinnich fanwege syn brûns op de 10 kilometer en it goud op de massastart, mar ek syn hier wie ûnderwerp fan petear.
"It is in bytsje ludyk gien, mar it is hartstikke leuk dat der sa'n groep efter dy stiet. Je krije in soad mei dat de minsken echt meilibje."
En oft it matsje meikoarten dan fuortgiet? "Nee, dy bliuwt foarearst noch wol efkes. Hy befalt noch altyd goed."
Jorrit Bergsma wurdt gruts ûnthelle op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
In oar dy't net allinnich opfoel fanwege syn prestaasjes, wie De Laat.
Yn syn frije tiid is er drok dwaande mei helmen te ûntwerpen. Syn dream is om de helm fan Formule 1 koereur Max Verstappen te ûntwerpen.
"Het is misschien een beetje cliché. Dat is natuurlijk dé sport waar je helemaal 'all-out' kan gaan op een helm. Ik denk dat ik daar iets onwijs unieks en vets voor kan maken."

Noch gjin fakânsje

Tiid om op fakânsje te gean is it noch net foar Kok, Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud. Sy stean nije wike allegearre op it WK sprint of WK allround.
It is fansels wol lestich, want de Olympyske Spelen wiene it grutte doel
Femke Kok makket har op foar it folgjende toernoai
Nei hast in wike net trainen, hawwe de sporters juster en hjoed foar it earst wer op it iis stien.
"It is fansels wol lestich, want de Olympyske Spelen wiene it grutte doel", jout Kok ta.
"Mar as ik aanst oan de start stean, bin ik echt wol brând en motivearre. Seker ek omdat it yn Thialf is."
Bûten de stekken stiene ek hiel wat fans om in glimp fan de sporters op te fangen.
© Omrop Fryslân, Pelle Numan
En dêrnei? "Dan is it tiid om te genietsjen, om op fakânsje te gean en nei feestjes te gean."

Bergsma nei NK allround

Wa't minder tiid hat om him op te laden is Bergsma. Hy stiet kommend wykein alwer oan 'e start fan it NK allround, mei as doel him te pleatsen foar it WK allround.
"Ik moat my earst noch wol wat better fiele. It binne lange dagen en koarte nachten, dus ik hoopje de kommende dagen wat mear út te rêsten."

Lêste seizoen foar Itzhak de Laat

Ek foar De Laat folget oer twa wiken noch in WK. "Maar ik kan nu gewoon feestvieren. Het was het jaar van de Spelen, dat maakte uit."
"Het is denk ik geen geheim meer dat dit gewoon echt mijn laatste seizoen is. Ik heb het fantastisch kunnen afsluiten. Hoe speciaal is het dan om op je hoogtepunt te kunnen stoppen? Het is denk ik goed zo", beslút De Laat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.