Omrop Fryslân

Blommen en selfies foar Femke Kok by weromkomst yn Nij Beets: "Lekker wer efkes thús"

Femke Kok is werom yn Nij Beets
© BTBMedia
Se moast it rút fan de auto wol wer efkes tichtdraaie doe't se har strjitte yn ried. Olympysk kampioene Femke Kok krige tiisdeitejûn in wiet ûnthaal fan de brânwacht yn har thúsplak Nij Beets.
Hûnderten ynwenners fan it doarp stiene harren grutte kampioene op strjitte op te wachtsjen. Kok waard middeis yn Den Haach noch riddere troch kening Willem-Alexander en kaam dêrom pas oan it begjin fan de jûn yn Nij Beets oan.
It earste wat se fan har mem yn hannen krige doe't se útstapte: har hûntsje Puck. Sa'n skoft hat se dy ek wer net misse hoegd, want dy wie mei heit René en mem Ilja mei nei Milaan.
"Wy ha sa'n skoft op 'n paad west. Om dan sa thús te kommen, dat is wol hiel bysûnder", sa wie Femke Kok ûnder de yndruk fan de ûntfangst.
Sa kaam Femke Kok jûn oan yn Nij Beets
Ut hannen fan doarpsgenoaten krige de olympysk kampioene in grut bosk keunstblommen, foar yn har nije hûs. Kok wennet no noch by heit en mem yn Nij Beets, mar sil letter dit jier ferhúzje nei in nijbouwenning op It Hearrenfean.

Spontane aksje

It grutte ûnthaal yn Nij Beets wie "in spontane aksje", seit Janny Dijkstra fan de organisaasje. "Femke liet justerjûn by Eva op telefyzje al wol trochskimerje dat se it hiel leuk fine soe as der wat dien wurde soe. Dus sadwaande! Wy tochten: allinne mar flaggen, dat is wol hiel stil."
It resultaat fan de aksje: hûnderten doarpsgenoaten fan jong oant âld dy't de olympysk kampioene opwachten. In protte jongeren woene mei Femke Kok op 'e foto; se dielde by thúskomst om raak selfies út.
Femke Kok makket selfies mei jonge fans
© BTBMedia
Heit René besjocht it tafriel fan syn hiem ôf. "Dit is net te leauwen. Der binne noch mear minsken as mei de yntocht fan Sinteklaas. It is fantastysk dat se dit dogge."
Wat it mei him docht dat syn dochter dit teweibrocht hat? "Wy bliuwe nochter fansels, mar hjir hat se altyd fan dreamd. As âlden hoopje je dat se dat dan ea berikt. Dit is fantastysk fansels."
De Olympyske Spelen wiene fansels tige suksesfol foar Kok. Se wûn in sulveren medalje op de 1.000 meter en pakte mei oermacht goud op de 500 meter.

"Lekker wer efkes thús"

"Dêr kin ik no efkes fan bekomme", seit se. "It is gewoan lekker om wer efkes thús te wêzen. Mar, ik moat aansten ek al gau wer oan de bak, want it WK komt deroan."
Femke Kok betanke har doarpsgenoaten en swaaide noch in pear kear. Doe rôp mem Ilja: de boerekoal stiet klear. Einliks wer in Hollânsk miel foar Kok nei al dy tiid yn Italië.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.