Omrop Fryslân

Diskoteek Ponderosa yn Dokkum hefte noch ien kear it glês: "It hat goed west"

Diskoteek Ponderosa
© RTV NOF
'End of an era', ûnder dy titel fierde de romrofte diskoteek Ponderosa yn Dokkum noch ien kear feest. Nei 48 jier sleaten de doarren sneon foar de lêste kear.
De diskoteek wurdt leechhelle en ferkocht. Eigener Machiel Kamerling is 81 jier en fynt it genôch sa.
Dêrneist hie de diskoteek de ôfrûne tiid te lijen fan tjinslaggen, sa as fernielingen en ûnfeilichheden.
Wat it oantal besikers oanbelanget, leine de bêste jierren al efter de diskoteek.
"Do kinst hjir net mei al dyn personiel stean foar in groepke fan tritich minsken. Dat kin gewoan net", seit Bianca van der Wal.
"Dan is it net gesellich, je krije de sfear der net yn. Dan kinst better thúsbliuwe."
Van der Wal wurke 15 jier foar de diskoteek. Dat makket it ôfskied dreech.
"Ast dan sjochst dat it lêste feest sa moai is, dan makket my dat ek wol emosjoneel. Mar it hâld in kear op. It hat goed west."
Se makket net de oerstap nei in oare kroech. "Ik kin wol op in oar plak yn de hoareka oan it wurk, mar it is net sa as hjir. Dat fyn ik gewoan net wer. Dus dat wol ik ek net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.