'Fjochtpartij mei hast 50 man' is de drip foar diskoteek Ponderosa: "Der moat no echt wat gebeure"
Diskoteek de Ponderosa yn Dokkum bliuwt foar langere tiid ticht. "As de meiwurkers harren net mear feilich fiele, dan sis ik: der moat no echt wat gebeure. Dit kin net", fertelt eigener Machiel Kamerling fan de diskoteek.
Ofrûne wykein, yn de nacht fan sneon op snein, gie it mis bûten de diskoteek. "Dus net yn ús pân, mar op strjitte yn 'e buert fan de Pon", seit bedriuwslieder Bianca van der Wal.
Ponderosa bliuwt lang ticht
De jûn ferrûn oer it algemien frij gesellich, sizze Kamerling en Van der Wal. Oant yn de diskoteek in diskusje ûntstie tusken minsken út Dokkum en in groep minsken út de gemeente Tytsjerksteradiel. Dat rûn út op "bier út de hannen slaan en datsoarte fan dingen".
Dêrop griep de befeiliging yn en sette in tal manlju út de diskoteek. "Doe wie it yn de diskoteek ek wer rêstich."
'Hast fyftich man'
Bûten waard de jongerein fersocht de Oranjewal en omjouwing te ferlitten. "Mar dêr joegen se gjin gehoar oan en it tsjinstelde barde. It wie krekt as hawwe se in protte jongerein oproppen. Op 'en doer stienen der hast fyftich man, om 03.30 oere hinne. Se wachten de jongerein út Tytsjerksteradiel op."
Earder, om 01.30 oere hinne, wie der ek al ûnrêst bûten: "Doe stienen der sa'n tweintich jongeren, doe hat de plysje de groep útinoar dreaun."
'Plysje wie der pas nei trije kertier'
Yntusken waard ek de plysje belle. "Mar doe't wy de hoarekatelefoan noch hiene, dan wiene se der binnen tsien minuten. No hat it hast 45 minuten duorre", fersuchtet Van der Wal.
"Doe wie it allang eskalearre. Ien jonge krige in kopstjit, der wienen in pear dy waarden 'belaagd' en doe lei der in groep fan acht jonges op de grûn."
De plysje kaam úteinlik wol nei Dokkum, mar griep neffens omstanners net yn. Uteinlik rekken in tal jongeren lichtferwûne.
Petear mei boargemaster
"Ik fyn it foaral tige skande foar eltsenien dy't wol mei leuke yntinsjes nei ús takomt. Dy wurde no de dupe fan in groep raddraaiers", seit Kamerling.
"Wy bliuwe yn elts gefal ticht oant nei de boufak, ik sil ek de boargemaster freegje om in petear. Want de feilichheid op strjitte wurdt der net better op."