Jamaikaanske Fries Ricky traint de jonges fan vv Warkum
"Binnenkant voet..., buitenkant... Houd die bal goed dicht bij je!" De oanwizingen komme fan Ricky Henry (41), trainer mei Jamaikaanske roots.
It is in kâlde freedtemiddei op it fjild fan vv Warkum. Iverich drave in stik as tsien fuoballerkes mei in bal oan de foet tusken pionnen troch.
Ricky Henry jout fuotballes oan spilers tusken de acht en tsien jier âld fan de Warkumer klup.
"We leren de kinderen hier tactische en voetbaltechnische vaardigheden, kappen, draaien, schijnbewegingen, passeeracties en de baas worden over de bal. Maar ook: hoe loop je vrij zodat je aangespeeld kan worden."
Foardat de fuotbalskoalle begjint, freget Ricky earst oan de jonkjes hoe't harren dei wie. It opfiedkundige aspekt fynt hy hiel wichtich.
"We leren kinderen discipline en respect hebben voor elkaar. En hoe ze kunnen omgaan met dingen die niet zo goed lopen tijdens het spel", fertelt de trainer mei in Ingelske tongfal.
De bern rinne fuort mei Ricky. "Hy traint ús hiel goed, ik wurd gewoan hieltyd better fan him", fertelt Niels.
"Ik lear trúkjes fan him. Letter wol ik fuotballer wurde by Liverpool. Of Barcelona."
Ek Ricky genietet derfan. "Het is mooi om te zien, al die blije gezichten. Hoeveel plezier de kinderen hebben, hoe ze zich ontwikkelen. Dat geeft een stukje voldoening."
Ricky syn reis
De Jamaikaan hat al in lange skiednis yn de fuotballerij. Oant syn achttjinde spilet hy op it tropyske eilân, dêrnei ferhuzet hy nei de Feriene Steaten, dêr't syn heit wennet.
Nei in skoftke wurdt hy dochs ûnwennich fan de Karaïben en giet er werom nei de tropen.
Hy krijt wurk as trainer foar it alvetal fan de Turks- en Kaikoseilannen. Mar tsien jier letter giet Ricky nei Europa en dat hat in reden: de leafde.
Ik ben opgegroeid in een rustig vissersdorp, vlak bij het strand. Hier in Fryslân heb ik dat ook, de rust en het strand.
"It is de nachtmerje fan memmen: dochters dy 't staazje rinne yn it bûtenlân en dêr hingje bliuwe", laket Sandra Henry-de Jong, de frou fan Ricky.
Yn de kantine fan de fuotbalklup sit se mei jongste soan Liam fan fjouwer te wachtsjen oant de training klear is.
Foar de leafde nei Nederlân
It pear leart inoar kennen op Jamaika en bout dêr in libben tegearre op.
"Mar doe't ús âldste berne waard, hie ik soksawat fan: ik sjoch dy jonge hjir net opgroeien. Doe hie ik echt de behoefte om wer nei hûs te gean."
Nei in jier yn Nederlân krijt Ricky wurk by it Belgyske Sint-Truidense VV. Dêrnei is hy noch kondysjetrainer by FC Emmen en op it stuit wurket hy ek as fysyk trainer yn it betelle fuotbal.
It pear wennet no al wer in skoftsje yn Warkum.
"Ik bin hiel grutsk op Ricky, hy hat de taal leard, allinne it Frysk binne we noch mei dwaande, hy ferstiet it wol", fertelt Sandra.
"Mar hy gie syn dream efternei: wurkje yn it fuotbal."
De Jamaikaan kin goed aardzje yn Fryslân.
"Ik ben opgegroeid in een rustig vissersdorp, vlak bij het strand. Hier in Fryslân heb ik dat ook, de rust, en met vijf minuten fietsen ben ik ook weer bij het strand."
"Alleen op Jamaica is het elke dag tussen de 25 en 30 graden, dat is wel wat een verschil", seit de trainer laitsjend.
Bern safolle mooglik bewege litte
"Voetballen is altijd mijn passie geweest, zodoende heb ik contact opgenomen met de vv Workum, mijn drie zoons voetballen hier."
No set Ricky him yn foar de jongerein fan Warkum om harren de finesses fan it fuotbaljen by te bringen.
"Kinderen op jonge leeftijd leren vrij snel op een spelende wijze. Zo ontwikkelen ze niet alleen de motorische kant, maar ook de sociale. Wat je er in stopt aan beweging voor de piek van de groeispurt, krijg je op een later moment terug."
Fuotbalgenen fan heit
De trije jonges fan Ricky en Sandra hawwe de fuotbalgenen fan heit ek meikrigen.
De âldste fuotballet by sc Cambuur ûnder de 12 jier, twadde soan Chris sit yn de jeugdseleksje fan vv Warkum en giet ek ien kear yn de wike nei de fuotbalskoalle fan Cambuur.
Jongste soan Liam sit noch by it kabouterfuotbal. Hy praat goed Frysk en dêr leart heit Ricky dan wer fan.
"Elke training leer ik een Fries woord, en dan leer ik ze een woord in het Engels."
Hjoed is it wurd 'kâld'. "Ja, koud! Haha", laket de Fryske Jamaikaan breedút.
Sjoch hjir de reportaazje oer Ricky Henry en de jonges fan vv Workum:
Jamaikaanske Fries Ricky traint de jonges fan VV Warkum