Museum Dr8888 út 'e skroeven mei donaasje fan seis ton: "Net te leauwen sa moai"
Meiwurkers fan Museum Dr8888 yn Drachten holden it woansdei net drûch, doe't se ferrast waarden mei in donaasje fan 600.000 euro. De triennen floeiden ryklik neidat de sjek út de slúf kaam.
Museumdirekteur Wybren Jorritsma ferwachte 'gewoan' ien fan de Vriendenloterij dy't in rûnlieding krije soe. It museum hie in plan yntsjinne foar in renovaasje.
De ferwûndering wie dan ek grut doe't ynienen in feestlik komitee foar de doar stie. Mei in grutte glim op it gesicht luts Jorritsma de sjek mei dêrop it bedrach mei fiif nullen út de blauwe slúf.
"It is net te leauwen sa moai. Ja, super!", wie de reaksje fan de museumdirekteur.
Foar it museum betsjut de donaasje it lêste puzelstikje yn de ferbouwing en renovaasje fan it museum. Dy is heechnedich, fertelt Jorritsma.
"It is in prachtich gebou, mar it is in kleaster en dus net boud as museum. Kwa klimaat, kwa befeiliging, it kin allegear net mear."
Fan it ynterieur en de ferljochting oant de eksposysjesealen, alles wurdt ûnder hannen naam. "En we wolle ek in glydbaan foar bern", heakket de direkteur laitsjend ta.
Foar de VriendenLoterij wie de kar om jild oan it museum te jaan gjin lestige. "Het heeft een grote regionale functie, maar het is ook landelijk een toonaangevend museum", seit Malou Heijmans fan de lotterij.
Se leit út dat de kolleksje unyk is en dat it plan fan it museum foar de renovaasje ek goed ûnderboud wie. "Dan is het heel fijn dat we zo'n keuze kunnen maken."
Earder hie de gemeente Smellingerlân, dy't eigener is fan it gebou, al 12,5 miljoen frijmakke foar it museum. Dat jild giet nei de ferbouwing fan it gebou sels. Troch de donaasje kin no dus ek de rest oanpakt wurde.
Jorritsma seit mei klam dat de stipe fan oerheden en fûnsen wichtich is om sokke projekten útfiere te kinnen.
Heijmans sjocht dat ek: "Musea door het hele land hebben best wel een taak voor zich om de financiering rond te krijgen."
Oer twa jier klear
It Drachtster museum kin no dus begjinne mei it dreamprojekt. Nei ferwachting is de renovaasje yn 2028 hielendal klear.