Fryske keunstner Nico Rypkema (94) wol hiel graach mei syn wurk yn in Frysk museum
Midden yn it sintrum fan Utrecht siedt it wetter op in âld fornúske. Yn in keukentsje fan in atelier set de 94-jierrige Nico Rypkema kofje. De skilder mei Fryske roots wol hiel graach nochris eksposearje yn in Frysk museum.
Rypkema wurdt as ien fan de meast wichtige Utrechter keunstners rekkene. Mar syn basis leit yn Fryslân. De skilder groeide op yn Sint Nyk.
Al is hy al mear as 70 jier fuort, syn Fryske taal is noch prima en syn oantinkens waarm.
De widze fan Nico Rypkema stie yn Sint Nyk. Hy is de soan fan de direkteur fan de molkfabryk en groeit op mei 7 bruorren.
Syn mem wie in Brandsma, famylje fan de ferneamde karmelyt en katolyk heechlearaar Titus Brandsma dy't yn ferset kaam tsjin de Dútske besetter yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy waard úteinlik fermoarde yn Dachau.
Leauwen en ienfâld
Syn mem wie ek tige fan it leauwen en fan de ienfâld. Titus kaam ek wol by harren del, ek flak foardat hy oppakt waard. Oer syn hillichferklearring sei de mem fan Nico altyd: "As Titus dit witten hie, hie hy sein, dit hie fan my net hoegd."
De famylje hearde by de 'gegoede' boargers fan it doarp. Al hie de jonge Nico dêr net folle fan yn 'e gaten. De earste 18 jier fan syn libben wenne hy yn it doarp en hie er in prachtige jeugd.
Oant syn heit komt te ferstjerren. Dan ferhuzet mem mei de soannen nei Utrecht. Dêr hawwe se mear kânsen op in goeie oplieding tinkt se.
Ik kin net werom. Dit is myn libben.
Keunstner wurde stiet dan net op de planning, al hie hy der wol belangstelling foar. Rypkema tekenet nammentlik.
Hy wurket by in bakker en dy wiist in klant derop dat de jonge goed tekenje kin. It baltsje begjint te rôljen as de klant syn tekeningen sjen lit oan in dosint fan de keunstakademy.
Rypkema giet nei de akademy en bedarret fuort yn in goeie klasse. Fia omswalkingen yn Frankryk en Switserlân komt er yn Eastenryk terjochte. By de wrâldferneamde Oskar Kokoschka krijt hy skilderles. Dat is it momint dat it dúdlik is. "Ik kin net werom, dit is myn libben."
De man ynspirearre de doe 28-jierrige Rypkema bot. Hy learde fan Kooschka yn in kertier in neakenskilderij te meitsjen. "Dat wie de manier om hiel rap sjen te learen."
Priis yn Antwerpen
It wie lykwols net fuortendaliks dat Rypkema libje koe fan syn skilderjen. Yn 'e begjintiid wurke hy noch as learaar derby.
Dat fûn hy ferskrikkelik. Trije dagen yn 'e wike foar de klasse soarge derfoar dat hy útput oan syn skilderwurk dwaande wie yn syn lytse atelier.
Mar doe't hy in priis yn Antwerpen wûn gie it better en koe hy syn baan opsizze.
You are here with the most important painter of the world.
Kokoschka wie it grutte foarbyld foar Rypkema, mar ek Salvador Dali trof hy in tal kearen. Troch kunden kaam hy yn 'e buert fan Barcelona terjochte. Yn in doarpke oan de kust.
Dêr stie op in dei ynienen in Rolls Royce foar it kafee, en dy wie fan de sekretaris fan Dali. Uteinlik gie it selskip mei Rypkema mei yn de Rolls Royce nei it hûs fan de wrâldferneamde skilder.
Nuvere man, dy Dali
Dat wie in bysûnder treffen. Rypkema fûn it mar in nuvere man. Dali hie it allinnich mar oer himsels. Hy wie wakker arrogant seit Rypkema. En prate ek nochris beroerd Ingelsk.
Rypkema docht him nei mei in Spaanske toan: "You are here with the most important painter of the world."
Mar sa fertelt hy laitsjend: "We ha wol in wyntsje dronken fansels."
Rypkema wennet dus al hiel lang yn Utrecht, mar syn Fryske roots is hy net kwyt. Om te skilderjen gie hy faak nei de Lek, mar ek nei Fryslân. De Tsjûkemar wie ien fan syn favorite plakken om te skilderjen.
Wurk yn Frysk museum?
Tsjintwurdich komt hy net sa faak mear yn it heitelân. Yn de Fryske musea is gjin wurk fan de 94-jierrige keunstner te sjen. Dat fynt Rypkema hiel spitich. "In skilderij fan my, want ik bin in Fries, yn in Frysk museum soe ik bot op priis stelle."
Op de fraach oft hy Fries of Utrechtenaar is jout hy lykwols it folgjende antwurd: "Ik bin skilder."
Mei dy fraach giet de ferslachjouwer werom nei Fryslân. En leit 'm del by Han Steenbruggen, direkteur fan museum Belvédère yn Oranjewâld. Hy ken de keunstner en seit dat der yn de takomst wierskynlik noch wolris wurk fan Rypkema te sjen wêze sil yn it museum. Wannear, dat is net dúdlik.
Buro de Vries
De reportaazje mei keunstner Nico Rypkema is te hearren yn ús programma Buro de Vries. Dat is der op alle sneinen tusken 11 en 13 oere. Ek is de reportaazje yn langere ferzje te beharkjen op Spotify.