Leanne fynt echte Ruurd Wiersma yn de kringloop: "Alsof je een Van Goghje vindt"
Je hearre wolris in ferhaal fan ien dy't in echt keunstwurk fynt op in plak dêr't je dat net ferwachtsje. Dat oerkaam Leanne Zijlstra, dy't gewoan oan it sneupen wie yn in kringloop.
Zijlstra (69) is aktyf by it Ruurd Wiersma Museum yn Burdaard. Se is dêr rûnlieder, dus ferskate kearen yn 'e wike rint se by de keunstwurken fan de Fryske skilder (1904-1980) del.
Doe't se koartlyn yn kringloopwinkel De Wissel yn Dokkum oan it sneupen wie, kaam se in beskildere molkbus tsjin dêr't se fuortendaliks fan wist: dit is ien fan Ruurd Wiersma.
Ik heb wel 100 keer gekeken. Is het echt een Ruurd Wiersma?
"Het voelt toch een beetje alsof je een nieuw, klein Van Goghje hebt gevonden", fertelt Zijlstra.
"Je kunt je ogen eerst niet geloven. Ik heb wel 100 keer gekeken, is-ie nou echt, is het echt een Ruurd Wiersma?"
Zijlstra koe har net foarstelle dat se in wurk fan Wiersma by de kringloop fûn hie. Ek by de kringloop sels wisten se fan neat.
"Ze vonden het 'mwah'. Wel aardig, maar ze waren er absoluut niet in geïnteresseerd. Toen heb ik hem gekocht, voor 20 euro."
Net by elkenien bekend
"Wiersma is wereldberoemd in Nederland, maar niet in Fryslân", ferklearret Rob Severein, sjoernalist en frijwilliger by it Ruurd Wiersma Museum.
"Maar iedereen die een beetje ingevoerd is in het werk van Wiersma, ziet het direct: dit is Ruurd Wiersma."
De iennige twivel siet noch yn it feit dat der gjin hanteken op de molkbus te finen is. Mar de styl is sa autentyk, dat kin net misse, seit Severein.
"Het is naïeve schilderkunst. Het zit in het hoekje van 'dit kan mijn nichtje ook wel'. Daarom snapten ze in de kringloop ook niet waarom Leanne zo enthousiast was."
Minder kleurryk as gewoan
De beskildering fan de molkbus is dus typysk Ruurd Wiersma, mar Severein tink dat er it yn opdracht makke hat. It is nammentlik wat minder útbundich en kleurryk as hoe't Wiersma gewoanwei wurke.
"De boerderij is heel sober geschilderd, helemaal niet des Ruurds. Ook de weide: dat is raaigras, er gebeurt niets. Normaal gesproken zou hij daar allemaal bloemen en vogels op schilderen."
By it museum sitte se noch wol mei fragen: hokker buorkerij is dit op de molkbus? En hoe bedarre dit foarwerp yn de kringloop?
Wiersma is berne yn Rinsumageast, wenne lang yn Burdaard, de kringloop sit yn Dokkum. Mei oare wurden: grutte kâns dat de buorkerij ek yn dy omkriten stiet.
"We hebben het idee dat het nog een bestaande boerderij is", seit Severein. "Maar waar? We hopen dat iemand het gebouw herkent en dat bij ons meldt."
Mooglik is de molkbus oait fuortjûn. Wiersma skildere wol mear fan soksoarte geskinken yn de jierren 70, wit Severein.
Wa't mear oer de molkbus (mei nûmer 268) wit, kin kontakt opnimme mei it museum. Dat kin fia info@ruurdwiersma.nl of op 0519 - 332 334.
Wiersma beskildere fan alles, mar foar safier't se by it museum witte, is dit de iennige molkbus dêr't er syn keunsten op oanbrocht.
"We hebben ook geen idee wat de waarde is, dan zouden we het moeten laten taxeren."
Foar it museum is it belangrykste dat it wurk no foar elkenien te sjen is yn it museum. Zijlstra hat it stik yn brûklien oan it museum jûn.
Wa't de molkbus fan Ruurd Wiersma besjen wol, moat der wol gau by wêze: it museum is noch oant 1 novimber iepen, dêrnei is de winterstop.