In eare om yn keunstbeurs Art Noord te hingjen: "Dêr moat ik it fan ha"
De keunstbeurs Art Noord yn Museum Belvédère is der spesjaal foar om makkers, keapers en oare belangstellenden by inoar te bringen. Fan tongersdei oant en mei sneon is der in grut ferskaat oan wurk te sjen.
Elke keunstner wol wolris yn in museum hingje. En galeryhâlders krije ek net faak de gelegenheid om wurk te ferkeapjen yn in museäle omjouwing.
Sa is galery Roos van Tudor út Ljouwert oanwêzich mei wurk fan fotograaf Maartje Roos. Sy makket doeken fan foto's, krekt lykas in skilder.
"It is fotografy. Mar ik wurkje sa as in skilder ferve brûkt, brûk ik myn kamera."
Art Noord
Se hat earst in idee, dat tekenet se dan út. En dan fotografearret se alle eleminten apart. En dêr makket se ien gehiel fan.
Sa hat se in searje oer de gefolgen fan in hegere seespegel. Bygelyks in takomstbyld fan de Brandaris yn it wetter, behâlden mei in muorre der omhinne.
"Sa'n Brandaris haw ik yn in heechwurker op de foto set", leit se út, wylst se nei it wurk wiist.
"En it nije lân dat je hjir sjogge, dat is Grient mei it húske dat der op stiet. En dêrachter sjochst de kontoeren fan Flylân."
Yn totaal binne der santjin dielnimmende galeryen op de sânde edysje fan Art Noord. Galery Roos van Tudor út Ljouwert hat in plak yn it museum mei ûnder oaren it wurk fan Maartje Roos.
Gjin wylde westen
De seleksje fan wat se tentoanstelle wolle, dogge se net folslein op kommersjele basis, seit eigener Anita van Os. "Ik wil graag werken laten zien die spectaculair zijn."
As foarbyld toant se it wurk fan twa by twa meter fan Jerry Veldhuizen.
"Ik zoek het bij elkaar, dat ik denk van: het moet wel met elkaar staan allemaal. Dat je geen wild-west krijgt in deze kleine stand.
Maartje fynt it in eare om yn it museum te eksposearjen. Se wol graach de ferhalen fan har wurken fertelle, mar it giet ek om de ferkeap.
"Ferkeap is natuerlik wol fijn", laket se. "Dêr moat ik it fan hawwe. As der fan my of de galery kocht wurdt, dan kin ik wer fierder om nij wurk te meitsjen."