Omrop Fryslân

Opperrabbyn Jacobs ferspriedt kennis over Holocaust op Ljouwerter skoalle: "Het ebt weg"

Opperrabbyn Binyomin Jacobs
© Omrop Fryslân
Je meie fan miening ferskille, mar dêrom nea ien haatsje. Dat is it boadskip fan opperrabbyn Binyomin Jacobs oan learlingen fan in skoalle yn Ljouwert.
Op de dei dat it 81 jier lyn is dat Auschwitz befrijd waard, besiket Jacobs de kennis oer de Holocaust troch te jaan oan in jongere generaasje.
Opperrabbyn Jacobs op Ljouwerter skoalle
Oandachtich harkje learlingen fan middelbere skoalle Beyers Naudé yn Ljouwert nei de ferhalen fan de opperrabbyn.
Hy fertelt oer syn mem dy't ûnderdûkt siet yn Fryslân, oer syn heit dy't miskien wol rêden is troch advys fan in Dútske soldaat, neat mear hie en rotten ite moast. Mar ek oer hoe't Joaden hjoed-de-dei somtiden befeilige wurde moatte. Hy is dêr sels in foarbyld fan.

Motivearre hâlding

"Het viel mij op dat de leerlingen gemotiveerd binnenkwamen om te luisteren", seit Jacobs nei de tiid. "Er kwamen prima vragen. Het toont dat men nadenkt, dat is fijn."
Opperrabbyn Binyomin Jacobs foar de klasse
© Omrop Fryslân
De opperrabbyn is opgroeid yn it skaad fan de oarloch, mar fernaam der noch in soad fan. "Trauma's gaan verder, niet alleen bij Joden, bij ieder slachtoffer van welke oorlog dan ook."

Wat is de Holocaust?

De Holocaust of Shoah is de massale ferfolging fan Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch troch de nazi's. Neffens skattingen binne sa'n 6 miljoen Joaden fermoarde, benammen yn ferneatigingskampen.
Oare groepen as Roma en Sinti, handicapten en polityk finzenen wiene ek slachtoffer fan massamoard.
Ut ferskate ûndersiken komt nei foaren dat in diel fan de jongeren net in soad wit oer de Twadde Wrâldoarloch of de Holocaust. Boppedat komt yn goed trijekwart fan de klasselokalen yn de EU antysemitisme foar, neffens in nij rapport fan UNESCO.
"In mijn omgeving hier op school merk ik dat mensen het wel weten, dat hebben we met geschiedenis gehad", seit learling Kadey Swe. "Maar buiten school merk ik ook wel dat mensen er niet vanaf weten, omdat het zo lang geleden is."

Boadskip foar de takomst

Dat docht sear, neffens Jacobs. "De kennis van de Holocaust ebt weg. Belangrijk is dat de boodschap erachter, dat mensen in beesten kunnen veranderen, wordt onthouden. Zodat het niet weer gebeurt."
Kadey Swe (op de foargrûn) harket oandachtich nei de opperrabbyn
© Omrop Fryslân
By learling Anne van Aalst is dat boadskip oankaam. "Ik vond het heel indrukwekkend. Het zijn dingen die je eigenlijk wel weet: de feiten, getallen wat er is gebeurd. Iedereen weet het wel, maar zo kwam het wel dichtbij."

Gjin stroffelstiennen

Opperrabbyn Jacobs soe ek oanwêzich wêze by it lizzen fan stroffelstiennen yn Ljouwert. Dat koe net trochgean, omdat de strjitte net iepenbrutsen wurde mei fanwegen de lege temperatueren. Ta grutte teloarstelling fan Jacobs.
"Ik vind het pijnlijk dat het zomaar wordt afgelast. Er is geen aanbod gedaan voor een alternatief. We hoorden het pas laat, anders hadden we een oplossing kunnen vinden. We hadden de stenen ook kunnen overhandigen bijvoorbeeld."
Twiveljend gie ek in oantal fingers omheech foar fragen oan de rabbyn. "Hoe kan de Nederlandse regering de lessen toepassen die ze heeft geleerd van de oorlog? En: "Waarom vindt u dat vrouwen wel gelijkwaardig behandeld moeten worden, maar bent u het niet eens met de levenswijze van een homostel?"

Fan miening ferskille

Yn syn antwurden beneamde de rabbyn dat je wolris fan miening ferskille kinne mei-inoar, mar dat je dêrom net minsken haatsje meie. "Dat kan nare gevolgen hebben, tot het vermoorden van anderen aan toe."
"We hebben allemaal een vlammetje in ons en kunnen dat licht verspreiden. Wat ik hoop, is dat zij begrepen hebben dat ze verplicht zijn om een bijdrage te leveren aan de brede samenleving. Dat mensen elkaar tolereren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.