Rabbyn warskôget foar Joadehaat: "Wat in Sydney is gebeurd, kan ook hier gebeuren"
De Joadske mienskip fan Ljouwert hat sneintejûn Chanoeka, it achtdeiske feest fan ljocht, ôfsletten. Der wiene sa'n tûzen belangstellenden op it plein by it Joadsk monumint.
Boargemaster Buma fan Ljouwert stuts juster de acht kearsen fan de Chanoeka-kandler, de menora, oan.
"It is moai dat we mei syn alle yn Ljouwert de Joadske mienskip stypje yn dizze tsjustere tiid", sei Buma dy't wiisde op it drama in wike lyn op de earste dei fan it Chanoeka-feest yn Sydney. Dêr waarden fyftjin minsken deasketten. "Ik stean dêrby stil, mei alle minsken dy't hjir it feest fan ljocht fiere."
Honorêr konsul Arjen Lont fan Israël neamde wat der yn Australië plakhân hat 'een daad van duisternis'. Lont spruts yn Ljouwert de hoop út dat de Fryske haadstêd foarop giet yn de striid tsjin Joadehaat. "Een lichtend voorbeeld om anti-semitisme en discriminatie tegen te gaan."
Yntusken hie opperrabbyn Binyomin Jacobs in hurd boadskip. "Wat op Bondi Beach is gebeurd, kan ook hier gebeuren. Ik ben niet bang, maar je moet realistisch zijn."
Jacobs sei him feilich te fielen yn Ljouwert. "Maar dat komt omdat er hier beveiliging is. Anders zou zo'n samenzijn op het plein onverantwoord zijn."
Joadske gearkomsten wurde al jierren strang befeilige. "It is jammer dat it nedich is", fynt boargemaster Buma. De Joadske mienskip yn Ljouwert hat nei de oanslach yn Sydney goed neitocht oer de Chanoeka-fiering yn Ljouwert.
Neffens foarsitter Gerard Cohen moat it Joadske feest troch elkenien fierd wurde en dus foar elkenien tagonklik wêze. "Juist in tijden van dreiging en verdriet is het belangrijk om elkaar vast te houden en gezamenlijk vertrouwen uit te stralen."
Neffens foarsitter Gerard Cohen moat it Joadske feest troch elkenien fierd wurde en dus foar elkenien tagonklik wêze. "Juist in tijden van dreiging en verdriet is het belangrijk om elkaar vast te houden en gezamenlijk vertrouwen uit te stralen."
Wûnder
Chanoeka bestiet út acht dagen wêryn Joaden oer de hiele wrâld it wûnder fan de Tempel fan Jeruzalem fiere. In menora-kandeler bleau dik twatûzen jier lyn acht dagen lang brânen, wylst dêr mar oalje foar ien dei wie. En dyselde soart kandeler wurdt noch altiten brûkt troch de Joaden by it Chanoeka-feest.
Opperrabbyn Jacobs spruts syn wurdearring út foar Ljouwert. "Het is geweldig dat er zoveel mensen zijn gekomen en om ons heen staan. We voelen ons als Joden gesteund en bemoedigd."
Neffens Jacobs is de belangstelling om dit jier Chanoeka te fieren tige grut. "Terwijl we dachten dat er minder mensen zouden komen vanwege de dreiging. Dat doet me goed. Al die mensen dragen lichtjes in zich tegen het donker van rassenhaat en discriminatie."