Omrop Fryslân

Faasje fan wettertaksys op de Waadsee kin nei 40 kilometer yn de nacht

In wettertaksy by Skylge
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De maksimumfaasje foar wettertaksys op de Waadsee kin yn de takomst mooglik omheech nei 40 kilometer yn 'e oere yn it tsjuster. Dat skriuwt demisjonêr minister Robert Tieman fan Ynfrastruktuer en Wettersteat yn in brief oan de Twadde Keamer.
Ut ûndersyk fan kennisynstitút MARIN docht bliken dat dy faasje nautysk sjoen feilich wêze kin, mitsdat oan strange betingsten foldien wurdt. Tagelyk warskôget de minister dat natuerwetjouwing in grutte rem sette kin op ynfiering.
It rapport fan MARIN is it resultaat fan in jierrenlang debat oer nachtlik farren op de Waadsee. De maksimumfaasje fan 20 km/o yn de nacht jildt dêr al langer, mar wurdt sûnt 1 jannewaris 2023 hanthavene.
Justysje besleat dêrta nei de deadlike oanfarring tusken in wettertaksy en in rappe fearboat yn 2022 by Skylge.
De Waadsee by nacht
© Remco de Vries, Omrop Fryslân
Neffens MARIN kin de maksimale farfaasje fan wettertaksys yn it tsjuster nei 40 kilometer yn 'e oere. It ûndersyksynstitút basearret him dêrby op simulaasjes, praktykûnderfiningen en petearen mei de sektor. Feiligens stiet dêrby sintraal.
Demisjonêr minister Tieman wol de faasjeferheging foar wettertaksys fêstlizze yn de regeljouwing. "Ik sta vanuit nautisch oogpunt positief tegenover de geadviseerde snelheidsverhoging", skriuwt de minister. "Het rapport biedt een stevige basis om hier verder over te praten met de betreffende watertaxiondernemers."

Allinnich op ferljochte rûtes en mei AIS

De minister keppelet oan de faasjeferheging wol in tal dúdlike betingsten. Sa mei flugger farre allinnich op ferljochte haadfaarrûtes dy't ûnder behear steane fan Rijkswaterstaat. Foar ûnferljochte rûtes sjocht er foar no gjin romte foar rapper farre.
Dêrneist wol er strangere easken stelle oan de wettertaksys sels. Ek moatte nachts altyd twa bemanningsleden oan board wêze en moatte skippers in ekstra oplieding folgje dy't spesifyk rjochte is op rap farre op de Waadsee.
De Waadsee
© Omrop Fryslân
Fierder wol Tieman it gebrûk fan AIS (Automatisch Identificatie Systeem) ferplicht stelle, sadat se sichtber binne foar oare skippen en de ferkearsbegelieding oan de wâl.
Wettertaksys binne no noch net ferplichte om it systeem oan board te hawwen of it apparaat oan te setten as se farre. In oanpassing fan de foarrangsregels achte de minister foar no net nedich.
Yn libbensbedriigjende situaasjes mei der no al hurder fearn wurde as de tastiene maksimumsnelheid.

Grutte stroffelstien: natuerwetjouwing

De grutste hobbels lizze lykwols bûten de skipfeart sels. Neffens Tieman kin rapper farre allinnich as fêststiet dat dit gjin signifikante skea feroarsaket oan de natuer yn Waadsee. In eardere ekologyske toets út 2016 wiisde al op mooglike negative gefolgen.
Dêrom lit it ministearje op 'e nij in saneamde passende beoardieling útfiere. Salang't dy net posityf is, kin de faasje net struktureel omheech, ek net tydlik.
De minister ferwachtet fan 't hjerst mear dúdlikens. De úteinlike beslútfoarming lit er oer oan syn opfolger.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.