Wettertaksys kritysk op proef minister: pleit foar strukturele oplossing
Wettertaksy-ûndernimmers op it Waad binne kritysk oer de pilot dy't it Ryk foarstelt. De proef moat ferkenne oft watertaksys mooglik nachts ek hurder farre meie.
Minister Barry Madlener hat it plan bekend makke. Mar neffens de sektor giet it foarby oan de de doelstelling.
"De voorgestelde pilot wordt door de sector niet breed gedragen", seit ûndernimmer Richard Veltman fan Veltman Marine Service op It Amelân.
"De doelstelling zou moeten gaan over 'de vlotte bereikbaarheid van de Waddeneilanden voor eilanders, gasten en bedrijven'. Dat sluit aan bij de wil van de Kamer."
Fjouwer taksybedriuwen
Dat seit Veltman út namme fan syn bedriuw en noch trije oare wettertaksy-ûndernimmers: Bos Marine Services, Rederij Noordgat en Bruuzer Texel.
Dizze bedriuwen binne sertifisearre en wolle in stap nei foaren meitsje. Mar de pilot is neffens harren yn de praktyk dreech wurkber en net rjocht te hanthavenjen.
Bredere oanpak
Mei de pilot wol de minister yn kaart bringe yn hokker gefallen oft it mooglik is om de útsûnderingen wêrby't nachts hurder fearn wurde mei, te ferromjen.
Mar neffens de wettertaksy-ûndernimmers giet it dêryn oer útsûnderingen as needsituaasjes, wylst sy just pleitsje foar in bredere oanpak dy't yn line is mei de moasje-Pierik.
De moasje fan Keamerlid Cor Pierik fan de BBB giet oer de mooglikheid om wettertaksy's oan te wizen as lytse fearpont, wêrtroch't se nachts struktureel hurder farre meie as 20 kilometer yn 'e oere en net allinnich yn gefal fan need.
Hanthavene sûnt 2023
De maksimumsnelheid fan 20 km/o yn de nacht jildt al langer, mar wurdt sûnt 1 jannewaris 2023 hanthavene. Justysje besleat dêrta nei de oanfarring tusken in rappe fearboat en in wettertaksy by Skylge.
By it ûngelok kamen fjouwer minsken om it libben. De fearboat fear 55 km/o, de wettertaksy 28 km/o.
De Amelanner wettertaksy fart sûnt begjin 2023 net mear yn it tsjuster. "We varen niet meer bij donker vanwege het ontbreken van een goede plek in de wet", leit Veltman út.
Dat Veltman gjin 20 km/oere farre wol, hat te krijen mei it feit dat de snelheid neffens him net past by in flotte oertocht.
De ôfstannen binne grut (12 km foar in inkelde reis), de skippen binne boud as rappe crewtender en troch it ûntwerp is hurder farre "nodig voor comfort en koersvastheid", leit Veltman út.
'Jou ús ek in kâns'
De sektor hat sels in foarstel dien foar "herstel van vlotte, veilige en toekomstbestendige bereikbaarheid van de eilanden", seit Veltman.
De petearen oer dat foarstel rinne noch. Veltman fynt dat harren foarstel ek in kâns krije moat. "We betreuren het dat het wederom zo lang moet duren."