Wjelsryp is der skjin mei ferlegen: wêrom keapet hast gjinien lotten foar it nije doarpshûs?
It doarpshûs yn Wjelsryp moat renovearre wurde. Om dat te beteljen, hat it doarp in grutte ferlotting opset, dêr't moaie en djoere prizen by te winnen binne. Mar it slagget net om de lotten ferkocht te krijen.
"We ha no 3.800 lotten ferkocht en we ha 20.000 beskikber. We binne der noch lang net", seit Wietske van Gunst fan Stichting Dorpscentrum Welsrijp, dat de ferlotting organisearret.
It like in goed idee: in grutte lotterij organisearje en de winst brûke om it doarpshûs te renovearjen. In wurkgroep út it doarp gie der fol goede moed mei oan 'e slach. In ferlotting organisearje, wie net nij foar harren: dat dogge se alle jierren al.
Mar dan giet it om lotten fan ien euro it stik en yn groepkes fan twa geane se dan yn Wjelsryp sels en yn de omlizzende doarpen by de doarren del.
Grutte lotterijen as foarbyld
Omdat der no folle mear jild nedich is foar it doarpshûs, waard besletten om dy ferlotting folle grutter te meitsjen nei it foarbyld fan lotterijen dêr't huzen, campers en auto's by te winnen binne.
Yn 1971 wie it ek dreech, mar slagge it úteinlik wol, dus wy tochten dat wy dit wol kinne as lyts doarp
Om safolle mooglik jild oer te hâlden, waard ek besletten om de ferlotting net út hannen te jaan oan in profesjonele organisaasje.
"Dêr moatte je ek foar betelje en wy wolle fansels dat safolle mooglik jild nei it doarpshûs giet."
"Wy wurkje der bikkelhurd oan en dogge fan alles om it mar bekendheid te jaan."
Yn 1971 slagge it wol
"Yn 1971 ha wy hjir yn Wjelsryp ek ris sa'n grutte ferlotting hân", giet Van Gunst fierder, "en doe wie it ek dreech om alle lotten ferkocht te krijen."
"Uteinlik binne doe de lêste lotten opkocht troch in feehanneler en syn dochter fan fjouwer jier wûn in Fiat 850. Dus wy tochten dat wy dit wol kinne as lyts doarp."
Mar it falt wol ôf: it slagget mar net om it op gong te krijen, wylst der wol fan alles oan dien wurdt mei in eigen webside, alle dagen berjochten op social media, in artikel yn de lokale krante, spandoeken by de dyk en mûle-ta-mûlereklame.
We ha sels Fryske influencers ynskeakele om it bekend te meitsjen. Wy krije de finger der net achter wêr't it oan leit.
"Wy binne fansels mar lyts, we ha net it grutte profesjonele netwurk dat oare lotterijen ha, mar we wurkje wol bikkelhurd. We ha sels Fryske influencers ynskeakele om it bekend te meitsjen. Wy krije de finger der net achter wêr't it oan leit" seit Van Gunst.
Yn Frjentsjer is op dit stuit ek in grutte ferlotting, dy't wol organisearre wurdt troch profesjonals. Dat is fansels net geunstich foar it Wjelsriper inisjatyf.
De prizen dy't der te winnen binne, lige der oars net om: in splinternije plug-in hybride auto, in boat, in elektryske fyts en noch folle mear.
It is saak dat der foar de ein fan de ferlotting in minimum oantal lotten ferkocht is.
"We ha oant 27 maart. Dat is de uterste datum en dan moatte we minimaal 12.500 lotten ferkocht ha. Dat binne de easken fan de kansspelautoriteit", fertelt Van Gunst.
It is spannend foar de minsken yn Wjelsryp. As it net slagget, sille de minsken dy't al in lot kocht ha, har jild werom krije moatte. Dat is in soad administratyf wurk mar slimmer is noch dat der dan in oare wize fûn wurde moat om it jild foar de renovaasje fan it doarpshûs byinoar te krijen.
It doarpshûs Yn 'e Mande
Yn 'e Mande, sa't it doarpshûs hjit, wurdt in protte brûkt. It foarmet it hert fan Wjelsryp dêr't jong en âld byelkoar komt foar gearkomsten, sportaktiviteiten, toanieljûnen, ferieningsgearkomsten en fansels it doarpsfeest.
De renovaasje is nedich omdat it gebou ferâldere is en net mear foldocht oan de hjoeddeistige easken.
"It doarpshûs moat echt duorsum makke wurde, sa't it no is, kin it net mear", seit Van Gunst dêroer.