Omrop Fryslân

Lotterij - mei fakânsjewente as haadpriis - moat SC Boalsert oan nij kompleks helpe

It gebou fan Boalsert is der min oan ta
© Omrop Fryslân
Der is gjin waarm wetter, se ha lêst fan skimmel en guon húskes kinne net trochspield wurde. Foarsitter Dytmer Hettinga fan SC Boalsert skammet him somtiden dea as der klups op besite komme.
De hjoeddeistige fasiliteiten binne swier ferâldere, dus moat der in folslein nije akkommodaasje yn Boalsert komme. Dy kostet miljoenen euro's en moat brûkt wurde kinne troch de fuotbalklup, it Marne College en de fanfare.
De ferkeap fan de lotten rint aardich
De gemeente hat al oankundige de plannen mei ien miljoen euro te stypjen. Ien fan de betingsten is dat der út de fuotbalklup en oare partijen wei ek sa'n bedrach op it kleed komt.
Om dat jild byinoar te garjen, is in ferlotting opset, mei grutte prizen. Tink oan elektryske fytsen, kadobonnen en in auto. De absolute haadpriis is in fakânsjewente, dy't ek ruile wurde kin tsjin 150.000 euro netto.

39.000 lotten

Der binne 39.000 lotten te keap. In lot kostet 33 euro. Ein oktober wurde de winners bekend makke.
It nije kompleks moat yn 2028 klear wêze

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.