Omrop Fryslân

In fakânsjehûs of 150.000 euro? Lotterijwinner Ruben (39) út Dedzjum wit net wat er heart

Gaby Broekhuijsen (bestjoerslid Stichting Sporthart Bolsward), winner Ruben Lukkes, Esther Jorritsma (bestjoerslid Stichting Sporthart Bolsward) en Anne Polstra fan Verloterij
© Verloterij
Moannen oanien barste Boalsert fan nijsgjirrichheid. Mar sûnt koart is der ferlossing: Ruben Lukkes (39) is de winner fan de Verloterij. En dus mei er kieze tusken in flink jildbedrach en in fakânsjehûs. "Bizar. Dit sjochst allinnich by oaren."
BW38160. It is in kombinaasje dy't Ruben Lukkes altyd koesterje sil. Mei dit lot wûn de ynwenner fan Dedzjum de haadpriis fan de lotterij fan SC Boalsert.
En dus stiet er foar in fraach dy't elkenien wol steld krije wol: in jildbedrach fan 150.000 euro, of in fakânsjehûs yn Markelo?

39.000 lotten

It antwurd lit noch op him wachtsje. "Ik moat it noch efkes rêstich oerlizze mei myn frou." Dêrfoar hie er nammentlik nea oer de kwestje neitocht. "Je keapje in lot en tinke: ik win dochs net."
De lotterij waard op poaten set om in nije akkommodaasje te bekostigjen foar SC Boalsert, it Marne College en de fanfare. Hjir waarden 39.000 lotten (elts 33 euro) foar ferkocht, it maksimale oantal.
Tiisdei waard bekend makke dat Ruben de grutte lokkige is.
Ik koe noch altyd net leauwe dat ik de haadpriis wûn hie.
Loterijwinnner Ruben Lukkes
Hy wie op syn wurk by soarchpleats Bos en Meerzicht doe't hy fia syn kameradoarbel seach dat der minsken foar de doar stiene. "Se hiene in bosk blommen en sjampanje by harren. Ik tocht, dy sille wol ferkeard wêze."
Mar se wiene oan it goede adres. Want net folle letter hearde Ruben fan in kollega dat der in delegaasje foar him yn it gebou wie.
Ruben Lukkes waard ferrast op syn wurk
© Ruben Lukkes
Doe seach er dyselde bosk blommen en sjampanje opsetten. Plus in grutte sjek. "Noch hieltyd koe ik net leauwe dat ik de haadpriis wûn hie." Pas doe't de sjek omdraaid waard, krige er it troch. "Bizar. Dit sjochst allinnich by oaren."

Klup stypje

Ruben kocht in skoft lyn in pear lotten om SC Boalsert te stypjen. "Myn bern fuotbalje der en myn frou is lieder by ien fan dy teams. We fiele dêrtroch belutsenheid. Moai dat se op dizze wize in bedrach ophelje kinne."

Miljoen euro sammelje

Omdat it hjoeddeiske sportkompleks swier ferâldere is, kaam de fuotbalklup mei dizze lotterij. Stichting Sporthart Bolsward naam hjirfan de organisaasje op him.
In nij kompleks kostet miljoenen. De gemeente kundige earder stipe oan troch ien miljoen euro. Ien fan de betingsten is dat der út de fuotbalklup en oare partijen wei ek sa'n bedrach op tafel komt.
Het is een grote bende.
Hajo Osinga, foarsitter Stichting Sporthart Bolsward, oer it hjoeddeistige sportkompleks
Hajo Osinga is foarsitter fan de stichting, en âld-bestjoerslid fan SC Boalsert. Hy fertelt dat der by de fuotbalklup bygelyks gjin waarm wetter is of dûbeld glês, en dat guon húskes net trochspiele. "Het is een grote oude bende."
Om in moai bedrach te sammeljen, waard der in jier lyn kontakt lein mei Verloterij, in Frysk bedriuw dat lotterijen optúget. "Daar moesten we in de wacht staan, want zij hebben een maximaal aantal loterijen per jaar."
It gebou fan Boalsert is der min oan ta
© Omrop Fryslân
De rintiid fan de fan lotterij wie seis moannen. Mar in moanne yn it foar wiene alle lotten de doar út. Der waard omtinken oan jûn op it pleatslike Oogstfeest, en de organisator wist in soad minsken yn harren database bûten de stêd te berikken.

Ree ta skinking

"Maar vergeet vooral niet dat de bewoners hier de club graag helpen."
Wolle sy dan net gewoan de haadpriis winne? It spilet grif mei, erkent er "Maar", sa seit Osinga, "mensen konden aangeven of ze de 33 euro terug wilden als er te weinig loten verkocht werden om het door te laten gaan."
Wat die bliken: yn en om Boalsert joech in grut part oan it bedrach yn dat gefal te skinken. "Prachtig, toch?"
Hier zijn we heel blij mee. De mienskip heeft dat gebouw nodig.
Hajo Osinga
Mei de lotterij helle de klup in lytse 1,3 miljoen euro op. Fanwegen de kosten en belestingen ferwachtet Osinga dat der sa'n 4 à 5 ton oerbliuwt foar de stichting.
Plus it jild fan oare fermogende stichtingen, komt it einbedrach oer it nedige miljoen. "Daar zijn we heel blij mee. Want de mienskip heeft dat gebouw nodig."
Ik krij sûnt tiisdei kontinu appkes.
Ruben ûntfangt in soad lokwinsken
De lokkige winner is yntusken oan it bykommen fan de hiele happening.
En de rest fan de húshâlding mei him. "Myn bern waarden hielendal gek doe't ik it se thús fertelde. Ik moast direkt taart helje by de Poiesz", seit er.
Sels moat de Dedzjumer it besef noch efkes ynsakje litte. Syn omjouwing helpt him dêr fan herte by. "Ik krij sûnt juster kontinu appkes mei lokwinsken."

Op fakânsje

Tusken it lêzen troch, kin er neitinke oer de haadpriis. "Mar it liket my sawysa moai om mei de húshâlding op fakânsje te gean", seit Ruben.
No is noch de fraach: nei Markelo of earne oars?

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.