De generale foar de Olympyske Spelen is dit wykein: "Milaan sit wol it meast yn myn holle"
Noch goed twa wiken oant de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Winterspelen. En dus binne Jorrit Bergsma en Femke Kok stikem al mei de holle yn Italië, as se kommend wykein oan de start steane fan de wrâldbeker yn Dútslân.
De wedstriid yn Inzell is de generale repetysje foar de Olympyske Winterspelen. Hast alles en elkenien dy't oer twa wiken yn Milaan yn aksje komt, stiet oan de start yn Inzell. Utsein Anna Boersma, dy't noch op trainingskamp is yn Spanje.
Femke Kok rydt yn Inzell twa kear in 500 meter en in 1.000 meter. Jorrit Bergsma komt sneon (5.000 meter) en snein (massastart) yn aksje.
Begjinne de Spelen al wat te kribeljen, mei noch goed twa wiken te gean?
Kok: "Fansels. Milaan sit wol it meast yn myn holle, mar ik bin der net superfolle mei dwaande. Ik tink dat dat pas komt ast der bist. Mar ik besykje fan momint nei momint te gean. Earst de wrâldbeker yn Inzell."
Bergsma: "Jawis. De tassen binne pakt, dus de gedachten sjitte geregeld nei Milaan ta. Ik tink dat elkenien dy't nei de Spelen giet, der mei de holle by sit."
Kok: "Wy ha it der yn de ploech net in soad oer, want net alle teamgenoaten geane nei de Spelen. Dan ha je it der ek net hieltyd oer. Dat helpt wol om lekker op it momint te konsintrearjen."
Bergsma: "Je binne no konstant dwaande om te soargjen dat je yn febrewaris sa skerp as in mes binne. Alles wat je dogge, is tarieding op de Spelen."
Hoe past de wrâldbeker yn Inzell yn dyn rûte nei de Spelen?
Bergsma: "Wy ha ferline wike nei Tenerife west. Sa'n wike yn de sinne sit standert yn ús skema. Je kinne dêr twa kear deis fytse en alles wer efkes oanskerpje. Dêrtroch wurde je fit nei de belangrike wedstriden ta."
It wie wol efkes noflik dat we in momint hân ha om op azem te kommen, nei dy drokke moannen mei wedstriden.
Kok: "Wy binne ek nei Spanje gien om te trainen. It wie wol efkes noflik dat we in momint hân ha om op azem te kommen, nei dy drokke moannen mei wedstriden. Ik fernim nei it trainingskamp wol dat ik nochal wurch bin, dus ik sjoch de wrâldbeker as in wedstriid dêr't ik ritme opdwaan kin. It is in moaie prikel rjochting Milaan. "
Bergsma: "Ik sjoch Inzell echt as in tarieding nei Milaan ta. Even lekker ride. We komme krekt fan in wike sinne, dus ik sjoch it echt as training en om wedstriidritme op te dwaan nei de Spelen. Dêr is dizze wrâldbeker geskikt foar."
Is dizze wrâldbeker foar dy écht de lêste wedstriid foar de Olympyske Spelen? Of is der noch in trainingswedstriid?
Kok: "Ja. Dit is in goeie generale, want dochst it op it heechste nivo. In trainingswedstriid yn in leech Thialf is net itselde as yn in ynternasjonaal fjild ride."
Op de massastart stean ik boppe-oan yn it wrâldbekerklassemint. Dat wol ik fêsthâlde en it klassemint winne.
Bergsma: "Neffens my is der yn Milaan noch in trainingswedstrydsje. Nei alle gedachten ryd ik dêr noch in 3 kilometer."
Wat is no it haaddoel foar kommend wykein?
Kok: "Ik wol altyd goed ride. Yn ús rûte steane we no net op ús bêst oan 'e start, mar dat risiko nimst gewoan. Dat wie ek sa by de wrâldbeker yn Hamar, mar doe ried ik in hiel goeie 500 meter. By de 1.000 meter wie ik doe wol echt wurch. We sille it wol sjen."
Bergsma: "Gewoan in deeglike 5 kilometer ride. En op de massastart stean ik boppe-oan yn it wrâldbekerklassemint. Dat wol ik fêsthâlde en it klassemint winne."
De Boarnster rydt de massastart snein mei Stijn van de Bunt. Op de Olympyske Spelen fertsjinwurdigje se Nederlân op dy ôfstân. Mar it duo ried noch gjin inkelde kear tegearre op de massastart. Snein is de primeur.
Alteast, as Van de Bunt yn de B-groep in finaleplak feilichstelt.
Jorrit, hoe wichtich is it om mei Van de Bunt te riden snein?
"It is wol in bytsje dûbel, want ik ha it hiele wrâldbekersirkwy mei Bart Hoolwerf riden. Mar it is mei it each op de Spelen ek wol belangryk om te sjen hoe't it mei Stijn giet. Dan hat er fêst in foarpriuwke hân. Want je moatte wol in bytsje oanfiele hoe't it giet. Fan de sydkant ôf sjen, is altyd oars as sels dielnimme."
Ik gean net hurder riden fan nei de konkurrinsje sjen.
Femke Kok rydt op de Olympyske Spelen de 500, 1.000 én 1.500 meter. Alle trije ôfstannen steane kommend wykein by de wrâldbeker ek op it programma. Mar de 1.500 meter lit de Nij Beetse oan har foarbygean.
Wêrom?
Kok: "Dat past net yn myn skema. Ik ha der ek gjin momint oer twivele. Ik wit hoe't ik dy 1.500 meter op de Spelen oanpakke moat en dat is út de sprint wei. Dus myn fokus bliuwt itselde."
Foar hoefier sjochst kommend wykein mei boppemjittige ynteresse nei de konkurrinsje?
Bergsma: "Net. Ik moat mei mysels dwaande wêze. Ik gean net hurder riden fan nei de konkurrinsje sjen. Ik moat soargje dat ik sels sa goed mooglik ryd. En my net te folle fan oaren oanlûke."
Kok: "Ik sjoch der net oars nei. Ik wit dat elkenien op de Spelen yn de bêste foarm is. As guon no al yn goeie foarm binne, dan kinst dat even sjen en kinst der rekken mei hâlde. Ik ha der dochs gjin ynfloed op."
Hoe sjocht it skema nei de wrâldbeker der krekt út?
Kok: "Wy fleane sneintejûn nei hûs en traine dan noch in wike yn Thialf. Op 2 febrewaris fleane we nei Milaan, want we kinne pas fan 31 jannewaris ôf op it iis dêr. Dus we geane noch lekker efkes nei hûs."
Bergsma: "Wy bliuwe hjir yn Inzell en geane op 1 febrewaris nei Milaan ta."