De Spelen begjinne! Hjir fynst alles oer de Fryske dielnimmers
Sân Fryske olympiërs komme de kommende twa wiken yn aksje op it iis yn Milaan. Yn dit artikel fynst de belangrykste ynformaasje oer de Fryske dielnimmers, harren programma en de medaljekânsen.
De iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen is freedtejûn. In dei letter komt de earste Fries al yn aksje. Dêrnei is it oant en mei 21 febrewaris hast alle dagen raak.
Op de langebaan binne de Fryske kânsen op sukses it grutst.
Fjouwer kear kâns foar Groenewoud
Marijke Groenewoud hat fjouwer kear kâns op in olympyske medalje.
Fuort op de earste dei nei de iepeningssearemoanje is der kâns op Frysk earemetaal, de frou út Grou komt dan yn aksje op de 3.000 meter.
Se hat dan hast in wike rêst, pas op 14 febrewaris moat se wer yn aksje komme yn de foarronde fan de ploege-efterfolging. De heale finales dêrfan wurde trije dagen letter hâlden.
Fierder rydt se op freed 20 febrewaris noch de 1.500 meter.
It olympyske reedrydtoernoai wurdt op 21 febrewaris ôfsletten mei de massastart foar manlju en froulju. Dêrop is Groenewoud de grutte favoryt foar it goud.
De dei fan Femke Kok
Femke Kok komt ek op de 1.500 en 1.000 meter yn aksje, mar har grutste kâns op olympysk earemetaal is de 500 meter.
Sy wûn al twa seizoenen alle wrâldbekers dêr't se oan meidie, pakte yn novimber it wrâldrekôr en ferbettere mei it OKT it baanrekôr yn Thialf.
Mei oare wurden: de frou fan Nij Beets is dé grutte favoryt foar goud. Dat moat barre op snein 15 febrewaris.
Ek Anna Boersma makket dan har olympyske debút.
Suzanne Schulting is gjin debutant, want se die al twa kear mei as shorttracker, mar dizze Spelen komt se foar it earst yn aksje as langebaanrydster.
Se docht op 9 febrewaris mei oan de 1.000 meter.
Fjirde Olympyske Spelen foar Bergsma en Rijpma-de Jong
Jorrit Bergsma en Antoinette Rijpma-de Jong binne by útstek de Fryske rûtiniers fan de seleksje.
Se wienen der yn Sotsji (2014) foar it earst by en dogge yn Milaan foar de fjirde kear mei oan de Olympyske Spelen.
Bergsma krige in oanwiisplak foar de massastart en mei sadwaande ek meidwaan oan de 10 kilometer.
Dit seizoen wûn er twa kear de massastart yn de wrâldbeker, mar by de manlju is dy dissipline ien grutte lotterij, mei miskien wol tsien reële kânshawwers.
Rijpma-de Jong pleatste har foar de 1.500 meter, mar is mei Joy Beune en Groenewoud ek in fêste wearde yn de ploege-efterfolging. Op dy lêste dissipline is Nederlân de grutte favoryt.
De Laat en Schulting op it shorttracktoernoai
It hie hiel wat fuotten yn 'e ierde, mar der stean yn Milaan twa Fryske shorttrackers oan de start.
Suzanne Schulting slút nei har aventoer op de langebaan oan by de shorttrackploech en sil yndividueel yn elk gefal de 1.500 meter ride.
Dat jildt ek foar Itzhak de Laat. De Ljouwerter is let oan de ploech taheakke omdat Daan Kos blessearre is.
De Laat mei yn Milaan de 1.500 meter ride, mar is ek op de ôflossing in wichtige spiler.
Oft Schulting ek op de ôflossing meidocht, wurdt letter pas dúdlik.
Programma Olympyske Spelen yn Milaan (Friezen fetdrukt)
Sneon 7 febrewaris
16.00 oere - langebaan: 3.000 meter froulju mei Marijke Groenewoud, Joy Beune en Merel Conijn

Snein 8 febrewaris
16.00 oere - langebaan: 5.000 meter manlju mei Stijn van de Bunt, Chris Huizinga en Marcel Bosker

Moandei 9 febrewaris
17.30 oere - langebaan: 1.000 meter froulju mei Femke Kok, Suzanne Schulting en Jutta Leerdam

Tiisdei 10 febrewaris
10.30 oere - shorttrack: heats 500 meter froulju
11.08 oere - shorttrack: heats 1.000 meter manlju
11.53 oere - shorttrack: finales mingde ôflossing

Woansdei 11 febrewaris
18.30 oere - langebaan: 1.000 meter manlju mei Jenning de Boo, Joep Wennemars en Kjeld Nuis

Tongersdei 12 febrewaris
16.30 oere - langebaan: 5.000 meter mei Merel Conijn en Bente Kerkhoff
20.15 oere - shorttrack: finales 500 meter froulju
20.29 oere - shorttrack: finales 1.000 meter manlju

Freed 13 febrewaris
16.00 oere - langebaan: 10.000 meter mei Jorrit Bergsma en Stijn van de Bunt

Sneon 14 febrewaris
16.00 oere - langebaan: kwartfinale ploege-efterfolging froulju mei Antoinette Rijpma-De Jong, Marijke Groenewoud en Joy Beune
17.00 oere - langebaan: 500 meter manlju mei Jenning de Boo, Sebas Diniz en Joep Wennemars
20.15 oere - shorttrack: heats en finales 1.500 meter manlju mei Itzhak de Laat*
20.59 oere - shorttrack: heats 1.000 meter froulju
22.00 oere - shorttrack: heale finale ôflossing froulju mei Suzanne Schulting*

Snein 15 febrewaris
16.00 oere - langebaan: kwartfinale ploege-efterfolging manlju mei Chris Huizinga, Stijn van de Bunt en Marcel Bosker
17.00 oere - langebaan: 500 meter froulju mei Femke Kok, Anna Boersma en Jutta Leerdam

Moandei 16 febrewaris
11.00 oere - shorttrack: finales 1.000 meter froulju
11.18 oere - shorttrack: heats 500 meter manlju
12.04 oere - shorttrack: heale finale ôflossing manlju mei Itzhak de Laat*

Tiisdei 17 febrewaris
14.30 oere - langebaan: finaledei ploege-efterfolging manlju mei Chris Huizinga, Stijn van de Bunt en Marcel Bosker
14.52 oere - langebaan: finaledei ploege-efterfolging froulju mei Antoinette Rijpma-De Jong, Marijke Groenewoud en Joy Beune

Woansdei 18 febrewaris
20.15 oere - shorttrack: finales 500 meter manlju
20.50 oere - shorttrack: finales ôflossing froulju mei Suzanne Schulting*

Tongersdei 19 febrewaris
16.30 oere - langebaan: 1.500 meter manlju mei Joep Wennemars, Tijmen Snel en Kjeld Nuis

Freed 20 febrewaris
16.30 oere - langebaan: 1.500 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong, Femke Kok en Marijke Groenewoud
20.15 oere - shorttrack: 1.500 meter froulju mei Suzanne Schulting
21.17 oere - shorttrack: finales ôflossing manlju mei Itzhak de Laat*

Sneon 21 febrewaris
15.00 oere - langebaan: heale finales massastart manlju mei Jorrit Bergsma en Stijn van de Bunt
15.50 oere - langebaan: heale finales massastart froulju mei Marijke Groenewoud en Bente Kerkhoff
16.40 oere - langebaan: finale massastart manlju mei Jorrit Bergsma en Stijn van de Bunt
17.15 oere - langebaan: finale massastart froulju mei Marijke Groenewoud en Bente Kerkhoff

* dielname is noch net befêstige