Omrop Fryslân

Jeppe 537 Algemien Kampioen op Hynstekeuring 2026

Jeppe 537
© Omrop Fryslân
Jeppe 537 is algemien kampioen wurden by de Hynstekeuring fan 2026. Nane 492 is reservekampioen.
It is de tredde kear op rige dat Jeppe 537 kampioen wurden is.
Jeppe 537 komt fan de stâl Bommelsteyn yn Haskerhoarne, mar stiet no by Jan Folmer op stâl De Nieuwe Heuvel yn Lunteren.
Folmer is tige bliid. "Het is een paard dat je nooit in de steek laat. Friezen staan erom bekend dat ze goede karakters hebben en Jeppe is daar een voorbeeld van."
Jeppe 537 wurdt útroppen ta Algemien Kampioen
Folmer jout oan dat Jeppe 537 ek oar jier ûnder normale omstannichheden wer fan de partij wêze sil.
Jan Folmer nei de winst fan syn Jeppe 537
Earder op de dei waard Jeppe 537 ek al kampioen by de jonge hynsten. Nane 492 waard neist reservekampioen ek al kampioen fan de âlde hynsten.
De algemien kampioen wurdt alle jierren keazen út de bêste twa jonge en de bêste twa âlde hynsten.
Nane 492 waard kampioen by de âlde hynsten
© Omrop Fryslân
Melle van de Lits waard keazen ta Hynder fan it Jier en Matthys 504 hat de Silver Bowl wûn. Dy priis wurdt útrikt oan de nasjonaal kampioen Fryske stamboekhynsten foar de sjeas. Matthys 504 is dêrmei de opfolger fan Gosse 526.
Bert Brunia waard earder op de dei postúm útroppen ta Fokker fan it Jier.
Ferslachjouwers Gerrit de Boer en Henk Dijkstra waarden ek noch yn it sintsje set:
Ferslachjouwers Gerrit de Boer en Henk Dijkstra wurde in it sintsje set

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.