Ymke kin de earste Fryske stamboekhynst út Wales wurde: "Dit is in dream dy't útkomt"
Ymke fan Fraithwen kin skiednis skriuwe. De jonge hynst makket kâns om as earste Fryske dekhynst út Wales talitten te wurden ta it stamboek. Op de Hynstekeuring yn Ljouwert mocht er fan de sjuery wer in ronde troch yn it swiere seleksjetrajekt.
"Dit is in absolute dream dy't útkomt. Wy hiene dit yn gjin miljoen jier ferwachte", seit eigener Ian Garbett. Yn de heuvels fan Wales hat hy mei syn frou Gaynor de hynst Ymke fokt. Se wurkje al sa'n fjirtjin jier mei hert en siel oan in Fryske fokkerij.
Ymke kin de earste Fryske stamboekhynst út Wales wurde: "Dit is in dream dy't útkomt"
"Ymke is hiel kalm, fynt it aardich om te wurkjen en is net strest. Al fan it begjin ôf folget hy ús as in hûn. It is sa'n leave freonlike hynst", seit Gaynor Morris.
Dreech om oan sperma te kommen
De wei nei Ymke wie gjin maklike. Troch Brexit is it hast net mear mooglik om sperma fan Fryske dekhynsten út Nederlân nei it Feriene Keninkryk te krijen. Dêrom moast de mem fan Ymke werom nei Nederlân om drachtich te wurden.
"Mei beferzen sperma slagge it trije kear net yn Ingelân. Yn Nederlân duorre it ek twa pogingen en doe wie se drachtich." Werom yn Wales kaam Ymke op 'e wrâld.
Dat der mar in bytsje Fryske hynsten út Ingelân op de Hynstekeuring ferskine, leit neffens Ian ek oan de Brexit.
"In hynst moat no eksportearre wurde, hy moat yn karantêne, en dat makket it hiel djoer." Foar in protte fokkers is dy ekstra administraasje en de hege kosten net op te bringen.
Minsken yn it Feriene Keninkryk wolle neffens Gaynor in noflik frijetiidshynder. Mar troch de hege kosten is in Frysk hynder mei stamboekpapieren hast net mear te beteljen.
Bloedline ûnder druk
Ymke is in soan fan de bekende Fryske dekhynst Elias 494. Ian en Gaynor makken bewust de kar foar dizze heit.
"Wy woenen in echte sporthynst. Guon minsken seinen: doch it net, kies in oare hynst. Mar wy binne op ús gefoel ôf gien."
Elias 494 ferstoar yn augustus ferline jier en dat jout it ferhaal ekstra betsjutting. "Syn bloedline stiet ûnder druk", leit Gaynor út.
De sporthynst, dy't yn de dressuer in grutte namme opboud hie, hat noch gjinien soan dy't dekhynst binnen it stamboek wurden is. Ymke kin mooglik yn de takomst dy bloedline yn stân hâlde.
It behâld fan de genetyske balâns binnen it ras is foar it stel wichtich.
"Wy sjogge ek nei hynsten dy't gjin goedkarde soan ha en nei de bloedlinen en hokker risiko's der binne", leit Gaynor út.
Dizze emoasje is ûnbetelber
Dêr is neffens har dus in soad om rekkenskip mei te hâlden. "Do moast in balâns fine, want kinst net alles tagelyk dwaan."
Ynspiraasje foar oaren
Ymke bliuwt de kommende tiid yn Nederlân om fierder te kommen yn in keuringtrajekt. Ian hopet dat Ymke in ynspiraasje wêze sil foar oare lângenoaten.
"Sjoch goed nei dyn merje. Wat wolst ferbetterje? En kies der in goeie goedkarde hynst by. Brûk net gewoan de hynst dy't lâns de kant fan de dyk stiet", seit Ian. "It betellet him út. Dizze emoasje is ûnbetelber."
As Ymke it hiele seleksjetrajekt trochmakket, wurdt yn novimber dúdlik of't hy dekhynst is foar it KFPS.
"En as hy net fierder komt, dan giet er dressuerriden yn it Feriene Keninkryk", seit Gaynor. "Dus it is in win-win-situaasje."
Hynstekeuring live op telefyzje en op web en app
Sneon 17 jannewaris is de Hynstekeuring live te sjen by Omrop Fryslâm, sawol op telefyzje as op de webside en yn de app.
Op telefyzje begjint de útstjoering om 09.00 oere. De hiele keuring, ynklusyf alle priisútrikkingen, is te sjen. De útstjoering einiget om 18.00 oere.
Yn de app en op de webside is de keuring ek te folgjen, fia in livestream. Dêr kin ek keazen wurde foar kommentaar yn ferskillende talen. Klik dêrfoar op ien fan de folgjende links: Nederlânsk, Dûtsk, Ingelsk en Spaansk.