Bert Brunia postúm útroppen ta Fokker fan it Jier
Fier fan Fryslân boude er jierren oan in grutte fokkerij fan Fryske hynders yn Kanada. Mar krekt yn it jier dat de resultaten in hichtepunt berikten, ferstoar Huite 'Bert' Brunia. De fokker is no postúm beneamd ta Fokker fan it Jier op de Hynstekeuring yn Ljouwert.
De ûnderskieding waard sneon yn ûntfangst nommen troch Brunia syn broer en sus en ruter Raymond Kortstra.
Bert Brunia emigrearre op syn achttjinde nei Kanada. Hy begûn as boerefeint en hie al gau in rige fan suksesfolle bedriuwen oprjochte. Fan stofsûchsystemen en trampolines oant befeiligingssystemen.
Mar midden yn al dat wurk ûntstie in leafde foar it Fryske hynder en boude hy syn fokkerij 'Ut it Westen' op. In ferwizing nei it Frysk en syn stâl yn it westen fan Kanada.
De ûnderskieding Fokker fan it Jier gie postúm nei Bert Brunia
Raymond Kortstra kaam yn 2011 foar it earst yn kontakt mei Bert Brunia. Hy waard frege om de Fryske hynders fan Brunia te trainen en klear te meitsjen foar keuringen, mei as doel om de kwaliteit fan de fokkerij te ferbetterjen.
Frysk flachje
As jonge man fan tweintich hie Kortstra gjin idee wa't er no krekt yn Kanada moetsje soe. "Ik kende die mensen niet. Ik dacht: dat moet ik niet doen. Maar iedereen zei: je moet toch echt gaan."
De earste moeting op it fleanfjild yn Kanada wie bysûnder: Raymond mei in Frysk flachje oan syn koffer, Bert mei in pet mei Fryske print. It waard it begjin fan in jierrenlange gearwurking.
Al nei in moanne wiene der kampioenen en kroantitels. "Dat beviel goed van beide kanten, dus ben ik er een jaar later weer geweest", seit Kortstra.
Spyt
Doe hie Brunia al sa'n sechtich Fryske hynders en frege er Kortstra om in jier te bliuwen.
"En toen heb ik nee gezegd. Ik heb daar heel veel spijt van gehad. Maar ik had zelf een heel goed paard thuis en net een vriendinnetje. Dan wil je niet van huis."
Fan dat momint ôf hat er fjirtjin jier mei Brunia wurke. Kortstra hat sa'n acht kear yn Kanada west om de Fryske hynders te beriden, trainen en klear te meitsjen foar keuringen.
Mar hoe kin in sakeman dy't net opgroeid is mei Fryske hynders sa'n goeie hynsteman wurde? Neffens Kortstra wie Brunia 'eigenwijs en eigenzinnig'.
"Maar hij ging wel bij iedereen advies inwinnen en goed kijken. En dan zijn eigen ding doen", leit Kortstra út. "Dat heeft hem in het bedrijfsleven heel goed gedaan. En later met de paarden dus ook."
It grutste sukses is wol syn alderearste fokprodukt, de merje Baukje. Sy waard alle jierren kampioen.
Hoewol't Bert in soad sukses berikte mei merjes en fôltsjes, kaam ien grutte dream net út: in eigen dekhynst fokke.
Dat wie syn grutste doel, seit Kortstra. "En dat is bijna gelukt, want er is één stersport elitehengst. Dat is echt een van zijn paradepaarden."
Postume erkenning
De fokkerij berikte it ôfrûne jier in hiel soad resultaten, lykas meardere predikaten foar syn Fryske hynders, stjermerjes en promoasjes fan merjes nei it alderheechste nivo yn de fokkerij.
"Toen ik alles op een rij zette, dacht ik: dit is wel heel bizar voor één jaar", fertelt Kortstra.
Ik moest echt huilen toen ze belden. Het is gewoon heel mooi dat het gelukt is.
Doe't it telefoantsje fan it KFPS kaam dat Brunia de priis krije soe, waard Kortstra emosjoneel.
"Ik moest echt huilen toen ze belden. Het is heel mooi dat het gelukt is. En hoe jammer dat hij dat niet meer mee heeft kunnen maken."
"Ik moest echt huilen toen ze belden. Het is heel mooi dat het gelukt is. En hoe jammer dat hij dat niet meer mee heeft kunnen maken."
Brunia ferstoar ôfrûne desimber. Neffens Kortstra hie it hiel moai west as fokker Brunia der ek in dekhynst by hie, mar tagelyk gie it neffens him net om ien hynder.
"Ik denk dat Fokker van het Jaar een grotere erkenning is. Voor alles wat hij heeft opgebouwd."