Omrop Fryslân

Sybren Jansma holp Nederlânske bobsliders, no dogge se mei oan de Olympyske Spelen

De slide fan Dave Wesselink
© Viesturs Lacis | IBSF
Stjoerman Dave Wesselink makket dizze wike syn olympyske debút yn it bobslydzjen. De man dy't oan de basis stie fan syn yntroduksje yn de sport is âld-bobslider Sybren Jansma út De Pein.
Dat Wesselink meidocht oan de Spelen, is bysûnder. Pas fjouwer jier lyn gie er foar it earst yn 'e bobslide nei ûnderen op in baan.
Dat wie yn it Eastenrykse Igls (by Innsbruck). Jansma, sels trijefâldich olympiër, wie derby.

Earste meters

Wylst de topbobbers fan de wrâld oan it striden wienen op de Winterspelen fan 2022 yn Peking, stie Jansma mei Wesselink en oare aspirant-bobsliders op de baan fan Igls.
Wesselink hie krekt dêrfoar reagearre op in oprop fan it Nederlânske bobslydbûn (BSBN) om yn 'e kunde te kommen mei de sport.
"It cv fan Dave spruts my fuortendaliks oan, dus ik belle him", seit Jansma, bestjoerslid by BSBN en ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan nije atleten.
Jansma seach yn Wesselink in nije piloat yn de bob. "Ik sei: 'Oer twa wiken gean we op kamp nei Innsbruck. Ast wolst, kinst noch mei.'"
Op dat trainingskamp yn Igls begjin febrewaris makke Wesselink syn earste meters.
De earste kear dat Dave Wesselink yn in bobslide siet
© Sybren Jansma
Jansma seach fuortendaliks dat Wesselink potinsje hie. "Syn profyl wie ynteressant. Dave wie in goeie horderinner, in grutte keardel mei in goed postuer foar in bobslider."
Wesselink, yn it deistich libben advokaat, foel op. "Hy is in topatleet, mar hy hie der ek wille yn om ôf te dalen. Dat waard al frij gau dúdlik."
Yn in lytse sport as it bobslydzjen giet it om mear dan allinnich it atleet wêzen. "Je moatte ek in soad sels regelje, dêrfoar fielde hy ek fuortendaliks ferantwurdlikheid."

Gjin gekke dingen

In nije bobslider wurdt net fuortendaliks yn it djippe smiten. "Dêr sit opbou yn. Igls is ien fan de maklikste banen yn it sirkwy. Hy begûn op de junior-start healwei de baan, dêrnei gie er elke kear in stapke heger fan start.
Meastentiids is dat yn in monobob, dêr't de stjoerman allinnich yn sit. "Dy wike like it goed, wy seagen gjin gekke dingen yn it stjoeren. Hy koe de feedback fan de coaches ferwurkje. Sa koe hy ek sjen wêr't er oan wurkje moast."
"It giet net om de rappe tiden, wy woenen graach sjen oft hy it koe."
Sybren Jansma
© Sybren Jansma
Dat Wesselink no, fjouwer jier nei dy earste run yn Igls, op de Olympyske Spelen stiet, is bysûnder.
"Dave docht it noch mar koart. Je sjogge dat fjouwer jier oer it algemien net hiel lang is om op dit nivo te kommen."
Boppedat moasten se foldwaan oan de strange easken dy't yn Nederlân jilde. "Se moasten by de top-8 sitte yn in wrâldbekerwedstriid. Dat is net maklik foar in lân dat gjin eigen baan hat."

Lienslide

By de wrâldbeker yn Sankt Moritz (Switserlân) einige Wesselink mei syn maat Jelen Franjic op it achtste plak. Dêrmei pleatsten se har foar de Olympyske Spelen.
It eigen materiaal wie net goed genôch, dêrom lienden se in slide fan de Australyske froulju. Dat lytse lannen inoar helpe, fynt Jansma net sa gek.
"Je moatte wol wat dwaan tsjin it machtsblok fan Dútslân, dy't hast elke wedstriid earste, twadde en tredde wurde", fynt hy.
In knappe slide kostet al gau 100.000 euro en dan sitte je noch net rom yn de reserveûnderdielen. "En je wolle it leafst wat izers mei ha op reserve."
Blydskip by de Nederlânske mannen nei pleatsing foar de Olympyske Spelen
© Viesturs Lacis | IBSF
Jansma gie nei syn karriêre oan it wurk as consultant yn 'e duorsume enerzjy en as fitnesscoach.
As hy werom sjocht op syn eigen karriêre wie it fjirde plak op it WK fan 2011 yn Lake Placid it moaiste, mar wat de Spelen oanbelanget giet it net inkeld om it sportive.
It momint fan pleatsen foar de Olympyske Spelen is krekt sa moai as dast der echt stiest.
Sybren Jansma
"Ik fûn de rûte nei de Spelen ta eins moaier. Foar my draaide it om kammeraatskip, dat je it mei syn allen dogge."
"Dat sjochst ek by Dave: Hy hat hjir fjouwer jier foar wurke, it momint fan pleatsen is krekt sa moai as datst der echt stiest."

Oandacht

Foar it bobslydzjen yn ús lân is it wichtich dat Wesselink meidocht yn Cortina d'Ampezzo. "Mei Kimberly Bos ha wy in goeie atleet yn it skeleton, mar nei't wy dermei opholden binne is it bobslydzjen wol yn in wak terjochte kaam."
Dat hat benammen te krijen mei it feit dat de sport yn Nederlân allinnich oandacht krijt mei de Olympyske Spelen.
"Ik hoopje dat Dave hjirnei noch fjouwer jier trochgiet en dat hy oare minsken ynspirearje kin om ek mei dizze sport te begjinnen", seit Jansma.

Bobslydzjen op de Olympyske Spelen

Dave Wesselink en syn maat Jelen Franjic begjinne op moandei 16 febrewaris oan harren toernoai mei de earste twa fan yn totaal fjouwer heats.
In dei letter wurde de heats trije en fjouwer ôfwurke.
Yn it lêste wykein fan de Olympyske Spelen docht de Nederlânske ploech ek noch mei yn de fjouwermansbob mei Janko Franjic (de broer fan Jelen) en Timme Koster.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.