Ald-reedrider Hilbert van der Duim nei wrâldrekôr op 5 kilometer: "It kin noch flugger"
De Noar Sander Eitrem wie dit wykein yn Inzell de earste reedrider yn de skiednis dy't de fiif kilometer yn minder as seis minuten folbrocht. Ald-reedrider Hilbert van der Duim seach de rit: "Ynteressant. En wer grinsferlizzend, hè?" Mar ek: "Ik tink dat it noch flugger kin."
Hy waard bekend troch in pear fan de meast legindaryske fratsen yn it reedriden. By it WK yn Oslo yn 1981 tinkt er dat er al oer de einstreek is, wylst er noch in rûntsje moat.
Leen Pfrommer, âld-reedrydcoach mar op dat stuit kommentator by de NOS, raast it út: "Hilbert! Hilbert! Je moet nog een rondje!"
Trije wiken dêrfoar rûn er op it EK yn Deventer de titel mis troch in falpartij op de tsien kilometer.
Efternei ferklearre Van der Duim dat der fallen wie oer fûgelstront, in ferklearring dêr't er letter op weromkaam: "Je valt toch niet over vogelpoep. Daar gaan schaatsen gewoon doorheen."
It koe twa kanten op
Dat is fansels net it folsleine ferhaal. Hilbert van der Duim wit wêr't er it oer hat as it oer reedriden giet.
Hy waard sels twa kear wrâldkampioen allround (yn 1980 en 1982), twa kear Europeesk kampioen allround (yn1983 en 1984) en sân kear Nederlânsk kampioen allround.
Dochs seach hy dizze nije toptiid (5.58,52) net echt oankommen.
"As je rûntsjes fan 27 tellen ride op de fiif kilometer, dan koe it twa kanten op", seit Van der Duim. "Of hy kin net stikken of je ride josels oer de kop. It tsjindiel wie wier."
Miskien moat de hoarizon no fiif minuten wêze.
Hilbert van der Duim kaam yn 1982 op deselde ôfstân ta syn bêste tiid: krekt ûnder de sân minuten. In minút stadiger as Eitrem no dus.
"Dat koe doe noch wol wat flugger hear", seit Van der Duim. "Wy rieden fansels faak bûten, op fêste redens. De komst fan de klapredens wie eins wol in revolúsje."
Van der Duim ried syn fluchste tiid yn Inzell, krekt as Eitrem. It is foar it earst yn fjirtich jier tiid dat der op dy baan in wrâldrekôr riden is. Dat jout de yndruk dat it nóch flugger kin.
Van der Duim: "It sil ûnder ideale omstannichheden en in baan op gruttere hichte noch flugger kinne. Dêr gean ik wol fanút. Miskien moat de hoarizon no fiif minuten wêze, mar it giet fansels altyd mei lytse bytsjes. It rekôr fan Sven Kramer bleau bygelyks tsien jier stean."
Eitrem favoryt yn Milaan
Op papier is Eitrem de grutte favoryt op de Olympyske Spelen yn Milaan. Dy begjinne oer in pear wiken.
"Mar der moat gjin kink yn de kabel komme", wit Van der Duim. "In ferkâldenheid of je krekt efkes wat minder fiele, mar Eitrem is no wol yn topfoarm."
Dat it rekôr net troch in Nederlanner riden is, mar troch in Noar, is moai foar it Noarske reedriden, fynt Van der Duim:
"Ik tink dat wy as Nederlanners mei de hjoeddeiske riders op de fiif kilometer hjir net oankomme op dit stuit. Dat wurdt op foarhân gjin goud."
Wêr leit de grins?
Fraach is hoefolle tiid oft der noch fan dit nije rekôr ôf kin.
"Der is in grins", seit Van der Duim. "Je kinne je net yntinke dat immen in fiiftûzen meter riden giet mei rûntsjes fan 24 of 25 tellen. Dus ja, wêr leit dy grins?"
Dat hinget fan meardere faktoaren ôf.
Van der Duim: "Miskien as der wer in lyts útfininkje komt, dat it dan wer in stapke fierdergiet. Mar de grins is der wól. Wêr krekt? Dat is dreech te sizzen."
Olympyske Spelen
De Olympyske Winterspelen yn Milaan begjinne op 6 febrewaris.
De fiif kilometer langebaan foar de manlju wurdt ferriden op 8 febrewaris.
Foar Nederlân komme Stijn van de Bunt, Chris Huizinga en Marcel Bosker yn aksje.
Chris Huizinga wie yn Inzell de bêste Nederlanner, mei in achtste plak mei hast fyftjin tellen efterstân op Eitrem.
Stijn van de Bunt wie mei 6.11,96 krekt wat rapper as Huizinga, mar hy die mei yn de B-groep.
Wat opfoel, wie dat Eitrem de fiif kilometer ôflei mei beide hannen op de rêch, ek yn de bochten.
"Dat is allegear test yn wyntunnels. Je hawwe dan minder lêst fan luchtwjerstân", wit Van der Duim. "Net elkenien is sa stabyl yn syn slach om dat te kinnen, mar it is wol oan te learen."
De âld-reedrider sjocht op dat flak noch wol ferbetterpunten, ek by de nije hâlder fan it wrâldrekôr.
Van der Duim: "Hy hat syn holle noch behoarlik heech, dus ik tink dat it by him noch wol aerodynamysker kin."