Omrop Fryslân

Leafde hat tiid nedich om streame te kinnen, leart relaasjeterapeut Jeroen Stek ús

Jeroen Stek sjocht yn de spegel
© Maarten Dikken
Wat is leafde? Mei it antwurd dêrop is relaasjetherapeut Jeroen Stek út Ljouwert net yn ien sin klear. "Er zijn heel wat vormen van liefde", seit er.
"Maar hier gaat het om de romantische liefde; dat je je echt verbonden voelt met de ander. Dat je je gezien, gewaardeerd en gerespecteerd voelt."
Leafde sit neffens Stek net allinnich yn gefoel, mar ek yn it lichem.
Yn hormoanen, yn ferbining, yn ticht byinoar wêzen.
Stek wit dat net allinnich út syn saakkundichheid wei. Hy wit it ek út eigen ûnderfining. Hy wie troud, rekke skieden en fûn letter op 'e nij de leafde.
No is er al tritich jier by Richtje. Dy kombinaasje fan profesjonele kennis en persoanlik libben makket dat it ferhaal dat er fertelt yn ús podcast It Knottekistje net allinnich teoretysk is, mar ek kwetsber en earlik.

Leafde freget tiid

Neffens Stek is ien fan de grutste misbegripen oer relaasjes dat leafde fansels wol trochgiet.
"Ik zeg altijd: liefde is een werkwoord", fertelt er. "Dat vraagt elke dag aandacht."

Podcastrige 'It Knottekistje' oer Friezen en de leafde

Fries Museum op Paad, Leen een Fries en Omrop Fryslân presintearje de nije podcastsearje 'It Knottekistje'.
It is in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer bysûndere leafdes en relaasjes. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal.
Yn de tredde ôflevering fertelt Jeroen Stek oer de leafdes yn syn libben. Hy wie troud, skiede en fûn oppenij leafde. It is net allinne syn persoanlike ferhaal dat er fertelt. Yn syn berop hat Jeroen Stek alle dagen te krijen mei de leafde: hy is relaasjeterapeut.
Omrop Fryslân makket dizze podcast yn oparbeidzjen mei Fries Museum op Paad - want yn de museumbus is ek in knottekistke te bewûnderjen - en Leen een Fries, in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken.
Yn syn praktyk sjocht er faak dat pearkes alles wol regelje: wurk, sport, bern, sosjaal libben, mar dat de relaasje ûnderwilens efterút glidet.
Daar schrikken stellen enorm van. Maar zonder tijd laat je de liefde niet stromen.
Meitsje tiid foar inoar, seit Jeroen Stek
Hy is der hiel konkreet yn: "Elke dag drie kwartier partnertijd, plus één dagdeel per week en één keer per drie maanden een heel weekend."
Dat klinkt as in hiel soad en dat is it ek, erkent Stek.
"Daar schrikken stellen enorm van. Maar zonder tijd laat je de liefde niet stromen."
Jeroen Stek, relaasjeterapeut
© Maarten Dikken
By him en Richtje giet dat eins fansels, seit er.
Jûns noch efkes byinoar sitte, prate oer de dei, oer wat der echt ta docht. Lytse momintsjes, dy't neffens him it grutte ferskil meitsje.

In swarte side

Syn paad nei dy lange relaasje wie net sûnder pine. Stek hie 17 jier in relaasje mei syn earste frou.
Se krigen tegearre twa bern, mar it houlik hold gjin stân.
"Dat vind ik echt een zwarte bladzijde in mijn boek", seit er. "Dat was een nare en lastige tijd."
De skieding betsjutte net allinnich it ferlies fan in partner, mar ek it loslitten fan de húshâlding sa't it wie.
Minder by de bern wêze en emosjoneel ôfskie nimme fan de ferwachting tegearre âld te wurden.
Ik kreeg geen hap door m'n keel van de verliefdheid.
Jeroen Stek is sljocht op Richtje
Dy ûnderfining makke ek dat er him mear yn relaasjes ferdjippe. Hoe koe it dat it net slagge, wylst er letter wól in duorsume relaasje opboude?
Dy fraach lei oan 'e basis fan syn wurk as relaasje- en húshâldingsterapeut.

Werom nei ferbining

Richtje kaam yn syn libben as kollega. Stadichoan groeide der mear. Stek fielde him by har frij, erkend en himsels.
Se namen de tiid om elkoar echt kennen te learen: kuierje, prate, gekke dingen dwaan.
"Ik kreeg geen hap door m'n keel van de verliefdheid", seit er mei in glimke oer dy earste perioade.
Se trouden en fierden de leafde mei in grut feest.
Se keazen in flinter as symboal foar de relaasje.
"Ergens op mijn lijf en ergens op het lijf van Richtje is een vlinder getatoeëerd", seit er mei in ûndogenske blik yn 'e eagen.

Harkje nei relaasjeterapeut Jeroen Stek

De podcast It Knottekistje ferskynt alle sneinen op Spotify en iTunes. Boppedat is in ynkoarte ferzje fan it ferhaal te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries, sneins om 11.00 oere.
Nei tritich jier binne se noch altyd byinoar. "Wij zijn twee liefdevolle, verschillende mensen", seit Stek.
"En het respectvol omgaan met die verschillen, dat is volgens mij waar de grote truc zit."
Nijsgjirrich bliuwe nei de oar, net oardieljend, mar iepen, dat is foar him de kearn fan leafde.

De takomst

En oer tritich jier? Dan wol er mei Richtje op in bankje sitte en weromsjen.
"Dan hoop ik dat we nog steeds de liefde kunnen vieren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.