Omrop Fryslân

Griet Wiersma kin de triennen net altyd tsjinhâlde: "Hy wie myn alles"

Griet Wiersma en har man Leo
© Griet Wiersma
It wurdt Griet Wiersma sa no en dan tefolle en se kin de triennen net altyd tsjinhâlde. Mar se is moedich: "Kop derfoar! Dat wie Leo syn motto ek."
Dochs falt it net ta en dat is hiel goed te begripen.
Gean der mar oan stean: earst te hearren krije dat dyn man longkanker hat, dan sels te hearren krije datst boarstkanker hast en dêrnei it boadskip dat dyn man net mear te rêden is.
Hy wie myn alles, myn maatsje, myn leafde, myn grutte leafde.
Griet Wiersma oer har man Leo
It wie "in doldwaas, frjemd, raar, ûngelokkich jier", seit Wiersma oer 2025. "Dat hie ik leaver oars sjoen, mar it is sa't it is."
Op 1 septimber dit jier ferstoar Leo. Hy hie útsiedde longkanker en foaral it lêste stikje wie tige swier. Foar Leo, mar ek foar Griet en de oare neisten.

In minskelibben by elkoar

Leo en Griet. Griet en Leo. Se hearre by inoar, binne mei inoar fergroeid. Hast 50 jier dielden se harren libben. Leo wie de lûdsman fan Griet, se wiene altyd tegearre op paad.
Wiersma brekt as har frege wurdt wat Leo foar har wie: "Hy wie myn alles, myn maatsje, myn leafde, myn grutte leafde", skriemt se. "Mar, kop derfoar. Dat wie Leo syn motto ek."
De troufoto fan Leo en Griet
© Eigen foto
En dat 'kop derfoar' docht se. Mei de nedige humor fertelt se oer hoe't se elkoar moete ha. "Sûnder tosken!" laket se.
En dan komt it ferhaal dat Leo krekt syn tosken lutsen hie omdat er in nij gebit ha moast. Dochs foel se op him, it wie leafde op it earste gesicht.

Altyd tegearre fuort

Griet wie faak fuort te sjongen, krekt op de mominten dat Leo frij wie: jûns en wykeins. Dat noaske him net en sa ûntstie it idee dat Leo, mei syn technysk ynsjoch, wol har lûdsman wurde koe.
Sûnt dy tiid wiene se altyd tegearre fuort en dat befoel poerbêst.
Nei de trouwerij bouden se mei help fan famylje in hûs. Der kamen twa bern en letter kamen dêr in skoansoan, in skoandochter en fiif bernsbern by. As se weromsjocht, konstatearret Wiersma dat se it skitterjend moai hân ha.
Griet Wiersma mei har man Leo yn Turkije doe't se 40 jier troud wiene
© Eigen foto
"Leo sei wol ris: as ik it net rêd, as ik deagean oan dizze sykte, dan ha we in moai libben hân, en dêr hie er gelyk yn. We ha it prachtich hân. We ha fan alles meimakke en in hiel soad dien en dat pakt net ien ús mear ôf."

Der wie hoop

De sykte fan Leo kaam oan it ljocht by in rûtine sûnensûndersyk. Op in longfoto wie in tumor fan fiifenheale sintimeter te sjen.
Yn earste ynstânsje gie it poerbêst. "It wie te behanneljen, want it wie ynkapsele", fertelt Wiersma.
Geniet nog maar van de zomer.
De dokter tsjin Leo en Griet
"Mar doe ha se in tuskentiidske scan dien. We stapten de keamer fan de dokter yn foar de útslach, en we koene bêst mei dy man, dat ik rôp hiel fleurich 'goedemorgen' doe't we binnenstapten. No, sei er, 'zo'n goede morgen is het niet.'"

Utsieddingen

De dokter fertelt dat der ek plakken te sjen binne op de bynier, de lever en it bekken. Dochter Anneke, dy't ek mei wie, frege wêr't se rekken mei hâlde moasten. "En doe sei er: geniet maar van de zomer."
Dat ha se dien. Mei Leo yn de scootmobyl ha se der in soad op út west. "Alle terraskes wiene foar ús, we hawwe echt in prachtige tiid hân noch."
Griet en Leo tegearre oan it ynfús mei gemo
© eigen foto
Nei de simmer gie it hurd minder. Troch komplikaasjes rûn Leo harsenskea op. "Doe wie it myn Leo net mear." seit Griet oer dy drege lêste tiid. Hy is noch thúskaam en úteinlik op 1 septimber ferstoarn.
Se hellen biopten út myn boarst en doe krige ik de útslach dat it boarstkanker wie.
Griet Wiersma oer har boarstkanker
Underwilens wie Wiersma sels ek siik wurden. "Ik hie de gebrûklike kontrôle dien, by de boarstebus en ik wie even yn Dokkum. Doe waard ik belle troch de hûsdokter dat it mis wie en ik moast fuort nei it sikehûs."
"Ik tocht noch dat it loas alarm wie, mar dat wie dus net sa. Se hellen biopten út myn boarst en doe krige ik de útslach dat it boarstkanker wie."

Tegearre oan de gemo

Krekt as Leo krige Griet ek gemokueren. "Ik, mei myn domme humor, makke dan grappen. 'Ik wol dy rotsoai fan him net ha hear', sei ik tsjin in suster en wiisde dan nei Leo. Dat famke antwurde hiel serieus dat se altyd hiel sekuer wurkje. Ik sei 'leave, dat is in grapke.'"
Griet Wiersma hat no koart hier, mar se lit it wer groeie
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dy humor heart by Wiersma en dat moat ek sa bliuwe, seit se. "It is echt ús ding. Sa ha wy altyd yn it libben stien en ik hoopje dat ik dy humor fêsthâlde kin."
Yn april dit jier is se operearre, dêrnei kamen noch bestrielingen.

It giet goed

It giet no goed mei har sûnens. Se hat noch wol wat oedeem en moat har earm goed yn beweging hâlde. Dat docht se troch twa kear wyks te swimmen.
Se is ek aardich wat kilo's kwytrekke troch de drege tiid dy't se hân hat. "En dat wol ik sa hâlde", laket se.

Harkje sels nei it ferhaal fan Griet Wiersma

Griet Wiersma fertelt oer it ôfrûne jier, it ôfskied fan Leo en har eigen sykte yn ús programma Buro de Vries op 28 desimber, fan 12.00 oant 13.00 oere.
It petear is ek as podcast publisearre.
Op in echo dy't se koartlyn meitsje litten hat, binne gjin kankersellen mear te sjen, mar pas oer in healjier kin sein wurde oft se echt 'skjin' is, omdat alle behannelingen noch wol in jier lang trochwurkje.
Griet Wiersma by in optreden
© Omrop Fryslân
"Ik wol yn 2026 wer optrede. Net wer sa gek as ik altyd die, mar ik wol it wol wer oppakke. Sa as de Peije Dei yn Drachten, it Flaeijelfeest yn Nijhoarne en de Tall Ships yn Harns. Ik stap it poadium wer op."
Op it ôfskied fan Leo waard in gedicht foardroegen dêr't se har oan fêsthâldt. "It paste hiel goed by hoe't Leo yn it libben stiet: 'Omearmje it libben, gean net mei my dea.'"
"Ik moat de kop derfoar en dat wol ik ek graach. Ik bin net ien fan mei in breiwurkje op de bank, ik kin net iens breidzje."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.