Harns wie de stêd dêr't Liesbeth List foar it earst echt sjoen waard
It is kâld as wy de terminal fan Doeksen yn Harns útrinne. In skerpe wyn snijt troch jas en sjaal, mar Daan Bartels hat der sin oan. Hy wit de wei. Net allinnich troch de stêd, mar ek troch it libben fan Liesbeth List.
Yn syn boek Het levenspad van Liesbeth List hat er fjouwer kuierrûten fêstlein. Dy rinne by plakken del dy't fan betsjutting wiene foar de sjongeres.
Wy rinne de rûte troch Harns, de stêd dêr't har talint foar it earst echt sjoen waard.
It ferhaal fan Liesbeth List begjint net yn Harns, mar op Flylân.
Dêr kaam se telâne nei in opfallende en pynlike adopsjeskiednis. Liesbeth waard berne yn it doetiidske Bandoeng, de haadstêd fan it Yndonezyske eilân Java.
Op de boot naar Vlieland hoorden haar vader en stiefmoeder een echtpaar praten over adoptie.
As lyts famke fan sân jier âld waard se troch har biologyske heit en styfmem meinaam op fakânsje.
Har biologyske mem hie harsels tekoart dien, nei't se mei har dochterke finzen sitten hie yn in jappekamp.
"Op de boot naar Vlieland hoorden haar vader en stiefmoeder een echtpaar praten over adoptie. Ze wilden een kindje adopteren", fertelt Daan Bartels.
De styfmem hie gjin bân mei Liesbeth en seach hjir in útwei.
Sa kaam de adopsje troch de famylje List ta stân.
It wie in ferhaal dat Liesbeth jierren mei har meitôge. Pas letter koe se it in plak jaan.
Se seach it úteinlik as in died fan leafde fan har heit, om't er har in libben sûnder waarmte by har styfmem besparre hie.
Dy kwetsberens, dy syktocht nei erkenning, soe se har hiele libben by har drage.
De slachterij dêr't muzyk klonk
Wy rinne de Foarstrjitte yn, yn 'e rjochting fan nûmer njoggen. In âld pân, eartiids in slachterij fan de famylje Davidson.
Hjir - tusken fleisheaken en pianoklanken - begjint de karriêre fan Liesbeth List.
"In de slagerij van de familie Davidson werd haar talent ontdekt."
De soannen fan de slachter, Pim en Zeger Davidson, wiene muzikaal. Der stie in piano, der wie in gitaar, der waard songen.
In de slagerij van de familie Davidson werd haar talent ontdekt.
Liesbeth learde de bruorren kennen doe't se op de MULO siet en letter op de HBS.
Op de HBS waard in 'bûnte jûn' organisearre, wêrby't de learlingen harren keunstsinnige talinten sjen litte mochten.
Mei de muzikale bruorren Davidson song Liesbeth Frânske sjansons en Ingelske lieten. It sloech oan.
"Een recensent van de Harlinger Courant schreef dat Liesbeth geboren was voor het podium", seit Bartels.
Se skreaune har yn foar talintejachten en heit Davidson ried op syn frije dei mei de jonge sjongeres en syn soannen nei Ljouwert.
Het Hemeltje, dûnsje mei tastimming
Fan de Foarstrjitte rinne wy troch nei Het Hemeltje, in eardere jeugdsosjéteit foar katolike jongelju.
It wie in dûnsseal dêr'st allinnich yn mochtst mei tastimming fan de pastoar.
Hjir stie Liesbeth List op it poadium, noch mar in jier as 18 âld.
Nei it sukses fan de HBS-skoaljûn waarden se útnûge om te sjongen en te spyljen op feestjûnen yn Het Hemeltje.
Wa wie Liesbeth List?
Liesbeth List (1941-2020) wie in Nederlânske sjongeres, bekend om har Frânsktalige sjansons en har yntinse, emosjonele styl.
Se waard op 7-jierrige leeftiid adoptearre troch de famylje List op Flylân, groeide dêr op en folge har middelbere skoalle yn Harns.
List wurke ûnder oaren mei Ramses Shaffy en groeide út ta in ikoanyske stim yn de Nederlânske muzyk.
Het Hemeltje is hjoed-de-dei net mear as in ûnopfallende dûbele doar yn in steechje.
Mar Bartels hat sokke plakken opspoard.
"Afgelopen zomer, toen ik de wandeltocht samenstelde, liep ik hier door Harlingen en sprak ik mensen van Liesbeths generatie aan. Ze konden zich allemaal Het Hemeltje nog herinneren."
Altyd in gehakbal by it iten
As famke fan tolve jier kaam Liesbeth yn 'e kost yn Harns, tegearre mei har freondinne Renneke Wortel. Se wennen yn de Kerkpoortstrjitte, by de famylje Schotanus.
It libben wie ienfâldich: in húske yn 'e tún, in waskbak boppe, alle dagen ierdappels, griente en fleis. Altyd in gehakbal.
"De meisjes maakten daar grapjes over. Dan zeiden te tegen elkaar: 'Ik ben benieuwd wat we vanavond eten'. Dan keken ze elkaar aan en zeiden lachend in koor: 'Een gehaktbal!'", fertelt Bartels.
"Maar hoewel het eenvoudig was, had ze het bij de familie Schotanus wel goed. Later kwam ze nog in de kost bij een ander gezin. Dat was niet leuk en ze vroeg de familie Schotanus of ze terug mocht komen. Dat mocht."
Ze straalde iets uit. Maar dat had ze niet in de gaten. Ze was in die periode heel onzeker.
Dy jierren yn 'e kost wiene foarmjend. Harns wie de stêd dêr't se har plak socht, dêr't se oars wêze woe as de rest.
Liesbeth List wie moadebewust, in trendsetter.
Se wie de earste mei in petticoat, en doe't elkenien der ien hie, rûn sy yn in strakke spikerbroek.
"Ik sprak met Jannie, de frou fan Zeger Davidson, die bij haar in de klas zat op de HBS. En zij vertelde me dat Liesbeth echt opviel."
Bartels fertelt: "De andere meiden keken bij haar op, bewonderden haar. Ze straalde iets uit. Maar dat had ze niet in de gaten. Ze was in die periode heel onzeker."
Liesbeth hie de erkenning fan it publyk nedich. Miskien as kompinsaasje foar it tekoart oan leafde yn har iere libben.
De skouboarch dêr't alles byinoar kaam
It hichtepunt fan de kuier leit by de eardere skouboarch fan Harns.
It gebou stiet der net mear, mar it nije appartemintekompleks folget de âlde linen fan Trebol.
Harkje nei Daan Bartels
De reportaazje mei Daan Bartels, wêrby't wy al pratende oer Liesbeth List troch Harns rinne, is te hearren yn ús programma Buro de Vries. Snein fan 11.00 oant 12.00 oere. Jûns om 21.00 oere wurdt it werhelle.
De hiele reportaazje is ek publisearre as podcast.
Hjir stie Liesbeth List as 17-jierrige. Sy song Frânske lieten, op in echt poadium.
Omdat de aula fan de HBS te lyts wie, waard de 'bûnte jûn' yn de skouboarch holden. De bruorren Davidson hiene sels in Frânsk kafee neimakke mei bistrosets.
"Hier is haar carrière echt begonnen", seit Bartels. "Dit is de bakermat van Liesbeth List."
It ferhaal is rûn
De kuier einiget by it âlde HBS-gebou, dêr't Liesbeth List op skoalle siet. Yn it muzyklokaal song se foar it earst My Funny Valentine.
Earst noch wat dimmen, letter folle krêftiger.
Mei as lêste stop de HBS hawwe wy de kuierrûte hielendal rûn.
In tocht dy't ús fierde fan de fearhaventerminal, fia de slachterij en de skouboarch nei skoalle. En dêrmei is it ferhaal fan it famke Liesbeth nei sjongeres Liesbeth List ferteld.