Omrop Fryslân

Sjongeres Liesbeth List ferstoarn

Op 78-jierrige leeftiid is sjongeres Liesbeth List ferstoarn yn har wenplak Soest. List hie in foarm fan demintsy, as gefolch fan hersenletsel út it ferline. List waard yn desimber 1941 berne op Bandoeng yn Nederlânsk-Ynje. As bern waard se adoptearre troch de fjoertoerwachter fan Flylân en groeide dêr op.
Afbeelding ter illustratie
© ANP
Yn 2017 beëinige se har karriêre yn ferbân mei de demintsy. Koart dêrnei ferskynde de biografy: 'De dochter van de vuurtorenwachter'.
List bruts as sjongeres troch doe't se kontakt krige mei Ramses Shaffy. Mei him hie se har grutte hit 'Pastorale'. Dit nûmer hat se yn 2012 yn in Fryske oersetting songen mei Syb van der Ploeg. Yn 2017 song Elske DeWall it nûmer 'Heb het leven lief' fan Liesbeth List yn The Passion yn Ljouwert.
Liesbeth List wûn Edisons (1971 en 1995), in Gouden Harp (1998) en de oeuvrepriis fan de Gouden Eeuw Awards.
De sjansonjêre wurdt yn stilte kremearre.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.