Janneke Warringa sjongt yn it Frysk oer ferbining: "Dêr leit myn hert"
Respekt hawwe foar in oar is sjongeres Janneke Warringa fan De Lemmer mei de brijleppel ynjûn. Yn har Frysktalige foarstelling 'Ubuntu' fertolket se dat mei lieten oer ferbining.
Nei in winterstop fan sa'n trije moannen hat de 38-jierrige Warringa no de tried wer oppakt fan har teäterprogramma.
Yn 'Ubuntu' sjongt se oer ferbining, dialooch, ferdraachsumens en respekt. De titel komt fan de humanistyske filosofy mei deselde namme út it súdlik part fan Afrika.
"Ubuntu stiet foar mear nei elkoar omsjen", leit de sjongeres út. "It is yn Súd-Afrika ûntstien. Nelson Mandela en Desmond Tutu droegen dat út. It stiet foar milder mei elkoar omgean, minder tsjinoer elkoar en mear neist elkoar stean."
Lytse dingen meitsje it ferskil
Neffens Warringa sit it him yn de lytse dingen, dêr'tst it ferskil mei meitsje kinst.
Bygelyks it inoar groetsjen op strjitte of minsken by de supermerk even helpe om de boadskippen yn de auto te setten.
Fan jongs ôf krige se it al mei fan heit en mem. "Net tefolle oan dysels tinke, mar foaral oan oaren. Dêr stean myn beide âlden noch altyd foar. Natuerlik ha ik ek mominten dat ik allinnich oan mysels tink, dat hat elkenien, mar oer it algemien bin ik ek wol in soad dwaande mei de gefoelens fan in oar."
Tegearre mei pianist en arranzjeur Peter van der Zwaag, begelieder fan ûnder oaren Willeke Alberti en earder Liesbeth List en Robert Long, hat se lieten útsocht dy't goed by it tema passe.
Nina Simone, Jacques Brel, Stef Bos en Paul Simon binne inkelde artysten fan wa't se nûmers op it toaniel bringe. Net yn de orizjinele útfiering, mar yn it Frysk.
"Peter hat in grut diel fan de teksten oerset. By ús foarige foarstelling 'Ferlet' hat er dat ek dien en no hat er him dat echt wol eigen makke", fertelt Warringa.
In liet dat út it foarige stik meinaam is, is oerset troch skriuwster Baukje Wytsma. Ek pianiste en tekstskriuwster Clara Rullman hat ferskate oersettingen foar har rekken naam.
Op it poadium wurde Warringa en Van der Zwaag muzikaal bystien troch sjongeres Elske Fekkes en selliste Andrea Meijer.
Jan Terlouw en Annette Nobuntu Mul
De lieten wurde oaninoar ferbûn troch tuskenteksten dy't makke binne troch skriuwer en âld-politikus Jan Terlouw en syn libbenspartner Annette Nobuntu Mul, foarsitter fan Stichting Ubuntu Nederland.
"Wy hiene it idee al in bytsje en doe kamen we mei har yn kontakt", seit Warringa. "It wie gelyk fan: ja, dit is prachtich. Se wolle sels nei de foarstelling ta komme, dus dat is ek moai."
It wie in hurde wrâld en ik wist net oft ik dat wol woe.
It sjongen hat se fan hûs út meikrigen. Har heit en mem sjonge beiden by ferskate koaren en as lyts famke siet Warringa al by it bernekoar fan De Lemmer.
Se woe eins altyd al sjongeres wurde, mar nei de havo keas se foar de oplieding sjoernalistyk yn Zwolle.
Dochs woe se it ek besykje op it konservatoarium. Se waard talitten en studearre yn 2011 ôf yn jazz en popmuzyk.
Nei it ôfstudearjen gie se net fuortendaliks oan it wurk yn de muzyk. "Ik ha it even in bytsje loslitten. It wie in hurde wrâld en ik wist net oft ik dat wol woe."
Werom op De Lemmer begûn it stadichoan wer te kribeljen. "Uteinlik haw ik yn coronatiid besletten dat ik sjen woe hoefier't ik komme kin mei it sjongen. Dêrfoar wie ik wol oan it optreden, mar it wie net folslein myn wurk. Ik die der altyd noch wat neist."
Net lang dêrnei moete se Van der Zwaag. Yn coronatiid giene de teäters ticht en kaam foar him it wurk stil te lizzen.
Se betochten de foarstelling 'Ferlet' en doe't it wer koe, brochten se dy op de planken. "En dat smakke nei mear", seit Warringa.
Passy
Se jout ek al jierren sjongles. "Mar dêr leit net myn passy. Ik fernim dat ik sels echt moaie muzyk meitsje wol. Dêr leit myn hert."
Sa sit se yn akoestysk trio F.A.A.M., dêr't se krekt twa wiken mei nei Kurasao west hat om op te treden. It trio bestiet fierder út Elske Fekkes, dy't ek meisjongt yn 'Ubuntu', en gitarist Ido Cuperus.
In heal jier lyn spile se mei yn it iepenloftspektakel 'Floed' dat opfierd waard by it Woudagemaal op De Lemmer. "Wer hiel wat oars, mar dêr hâld ik ek fan. Fan dy echt grutte selskippen."
We kinne op dat momint echt efkes it ferskil meitsje en wat ljocht bringe.
Boppedat sjongt se foar sikehûspasjinten, oan it bêd. "Dit ha we al meardere kearen dien yn it MCL en it liket derop dat we dit ek yn oare sikehûzen dwaan sille. It is sa tankber wurk. We kinne op dat momint echt efkes it ferskil meitsje en wat ljocht bringe."
It is in ôfwikseljend bestean. En drok, want se is ek nochris mem fan twa bern fan 6 en 9 jier.
Warringa en har man - dy't opgroeid is bûten Fryslân, mar Fryske roots hat - bringe de bern bewust Frysktalich grut.
Grutsk op it Frysk
"It is myn memmetaal. Ik praat it fan thús út. Myn mem is Frysk en myn heit wennet mear as 40 jier op De Lemmer, mar komt net út Fryslân. Dochs bin ik ek yn it Frysk grutbrocht."
Se fynt it spitich dat in soad Fryske âlden Nederlânsk prate mei de bern. "Wy prate beiden Frysk mei ús bern en dêr binne we hiel grutsk op, want it is sa'n moaie taal. It Frysk sjongt ek moaier as it Nederlânsk, it hat folle sêftere klanken."
De foarstelling 'Ubuntu' wurdt de kommende moannen noch op ferskate plakken yn Fryslân opfierd. Mear ynformaasje is te finen op dizze webside.