Resinsje Floed yn 't Woudagemaal: muzykteäter yn in magysk dekôr

Henk te Biesebeek beskôget Floed © Omrop Fryslân
De foarstelling Floed set de spot-light op it Woudagemaal op 'e Lemmer. Unyk yn syn soart, dus mear as terjochte. Boppedat in moaie gelegenheid foar it publyk om it histoaryske stoomgemaal ris fan in hiel oare kant te besjen: as in magysk dekôr foar muzykteäter. Fan de boppeste planke!
De oankomst op 'e Lemmer is al betoverjend. It ymposante gemaal leit sfearfol ferljochte oan de hoarizon. As in mearke gelyk. It sil dizze jûn de lokaasje wêze fan Floed, in foarstelling oer de striid, nee, better sein de ferhâlding tusken de minske en it wetter.

Jubileum

It idee fan Floed is goed trije jier lyn ûntstien. Wetterskip Fryslân frege Theo Smedes om in jublieumfoarstelling te meitsjen oer it Woudagemaal, dat hûndert jier bestie.
Corona en oare omstannichheden setten dêr doe lykwols in streek troch. Mar dykgreve Luzette Kroon wit yn har wolkomstwurd op de premjêrejûn dochs noch in jublieum te melden: it is 25 jier lyn dat it iennichste noch altyd wurkjende stoomgemaal fan de wrâld, in plakje krige op de wrâlderfgoed-list fan Unesco.
Muzyk en dûns soargje foar emoasje yn Floed © Piet Douma
It sil. De taskôgers krije by oanfang allegear in koptelefoan op en wurde troch swartklaaide heksachtige gidsen de foarstelling ynlutsen. En wylst we yn it tsjuster troch de greiden rinne mei útsjoch op de Iselmar, krije we it ferhaal te hearren fan de beide haadpersoanen Mare en Gula.
Dat allegear op de muzyk dy't komponist Evert Bossema spesjaal foar dizze foarstelling makke hat. In megaklus.

Semint

Want de sfearfolle muzyk blykt it semint, dat alle artistike eleminten dizze jûn mei mekoar ferbine sil. Mar Floed is as foarstelling mear as muzykteäter. Regisseur Smedes wit fan de foarstelling in totaalbelibbing te meitsjen, dy't de taskôgers algeduerich alert hâldt.
Benijd wat der op dat knoffelige paad nei it gemaal as eindoel, allegear noch barre sil. It ropt oantinkens oan it Skylger Oerol op as ûnderweis wetternimfen as weagen tsjin de dyk oanklotse. Moai!
as Mare besiket it wetter te ferlieden... © Piet Douma
It ferhaal sels is oars gau ferteld. Haadpersoan is de kreas jongfaam Mare dy't symboal stiet foar de suverheid, de dei en it ljocht. Har tsjinspiler is Gula dy't stiet foar de roppigens, de nacht en it tsjuster.
It klinkt in bytsje nuver, mar Mare is fereale op it wetter. Yn it langstme har ferienigje te kinnen mei har grutte leafde, ropt se de oerkrêft fan it wetter op om yn stoarm en mei hege weagen tichter by te kommen. "Eb wurdt floed..."

Sûnde

Wa tinkt dat Gula as tjustere macht Mare yn dy ôfgrûn meislepe sil, komt bedragen út. Krekt oarsom. Hy blykt har komplemintêre helte en wol Mare just tsjin it oanstoarmjende wetter beskermje.
"Wetter moat je drinke, net yn ferdrinke. Dat is in sûnde." En krekt sa as it mytologyske duveltsje Pan op in fluit spilet om syn muze te ferlieden, hat ek Gula in blaasynstrumint ta syn beskikking: de kornet. Mei de suvere klanken út syn lytse trompet besiket hy de masines fan it 'sliepende' gemaal wer op stoom te krijen. It is ommers de muzyk dy't it opkommende wetter keare kin.
Jitze Grijpstra as Gula © Piet Douma
Wat dan folget is tagelyk it teätrale hichtepunt fan de foarstelling. Yn de djipten fan it gemaal sjogge we hoe't masinisten mei ûntbleate boppeliif de koalen op it fjoer smite om de masines oan 'e praat te krijen.
Boppe ús holle fljocht, nee wrakselet Mare op it opswypkjende ritme fan in basgitaar om oan de krêft fan it opkommende wetter te ûntkommen. Benearjend en betoverjend tagelyk.

Dynamyk

Kompleminten foar alle meiwurkers dy't dit magysk teäter foar ús optúgje binne hjir op syn plak. Foar Janneke Warringa en Jitze Grijpstra bygelyks, dy't net allinnich oertsjûgje as Mare en Gula, mar beiden ek treflik sjonge.
En benammen troch de prestaasjes fan dûnsers as Stephanie van der Wiel, Geronimo Chancoso en Vanamo Tielen bellibet it publyk de hast demoanyske dynamyk fan in gemaal ûnder stoom.
It Woudagemaal as sfearfol dekôr © Piet Douma
Oan de ein fan de foarstelling bringt regisseur Smedes de teätrale eleminten as muzyk, dûns, spul en ljocht bymekoar. Dan liket it gemaal dat sfearfol ferljochte is, it ideale dekôr foar in ymponearjende slotsène.
De ferwachte apoteoaze bliuwt dan spitigernôch út. Goed, we sjogge hoe't Mare en Gula tegearre de tsjustere krêft fan it wetter oerwinne. Mar it boadskip yn de lietteksten bliuwt te folle fan itselde. Utsein de moaie plaatsjes wurdt oan it ferhaal sels eins neat tafoege. Wat oerein bliuwt is de muzyk. Oan 'e ein op it poadium live spile troch Bossema op syn kornet. Janneke Warringa en Jitze Grijpstra yn duet opswypkjend ta in weardich slot.

Rein

En dan, wylst it publyk opriist foar in steande ovaasje, falt de rein samar by bakken út de himel. De ponsjo's dy't oan it begjin fan de jûn útrikt binne, kinne net foarkomme dat eltsenien dweiltrochwiet wurdt. Hat it wetter dochs it lêste wurd...