Omrop Fryslân

Hoe wolle de Friezen harren taal foarúthelpe? Provinsjale Steaten wolle it graach witte

Foarsitter Attje Meekma fan it Steatekomitee Frysk
© Omrop Fryslân
It Frysk heart by Fryslân en de Fryske identiteit. Dat fine de measte ynwenners fan Fryslân. Mar de taal stiet ek ûnder druk. De provinsje wurket dêrom oan langetermyndoelen foar it Frysk.
Under de titel 'Jou dyn taal de romte' wolle Provinsjale Steaten wite hoe't de Friezen sels de posysje fan it Frysk fersterkje wolle.
De provinsje Fryslân en it Ryk hawwe ôfpraat dat Fryslân in twatalige provinsje wurde moat, mei in folslein lykweardich plak foar it Frysk. Guon Ryksamtners tinke dat it al safier is, mar foarsitter Attje Meekma fan it Steatekomitee Frysk wyt wol better.
Provinsjale Steaten wolle dêrom langetermyndoelen fêststelle foar it taalbelied yn 2051. De Steaten wolle graach fan de ynwenners hearre wat der nedich is om it Frysk en it Nederlânsk folslein lykweardich te meitsjen.

Stim fan Fryslân

Wat fine de Friezen sels belangryk? Dat se yn it Frysk oansprutsen wurde yn it sikehûs of yn it kafee? Moat der mear Frysk jûn wurde op skoalle? Dat meipraten kin op de webside stimfanfryslân.frl.
Dêr wurdt neffens Meekma aardich gebrûk fan makke, mar de komiteefoarsitter en de oare Steateleden wolle dizze winter graach noch folle mear antwurden, mieningen en reaksjes ûntfange.
De Fryske Beweging liet alris heskes meitsje mei it wurd 'plysje'
© Omrop Fryslân
"As je nije doelen foar it taalbelied fêststelle, dan moatte je dêr de mienskip by belûke", seit Meekma. "Wy wolle graach fan de Friezen wite wat we noch mear dwaan moatte om it Frysk in lykweardich plak te jaan."

Twataligens

Je kinne hjirby tinke oan saken as twataligens yn de iepenbiere romte. "Binne der ek plakken dêr't minsken it Frysk misse? Wy wolle it graach wite."
Meekma tinkt hjirby ek oan de opskriften op plysje-auto's. Moat dêrop njonken 'politie' ek 'plysje' komme te stean? "Yn it bûtenlân is it hiel gewoan dat der in oar wurd op in plysje-auto stiet as it wurd yn de grutte taal. Ik soe net wite wêrom't dat hjir net kinne soe."
Op de webside Stim fan Fryslân kinne minsken noch oant en mei maart harren miening jaan oer de langetermyndoelen foar it Frysk. "It is in wichtich ûnderwerp. Dêrom nimme we dêr de tiid foar", seit Meekma.
Deputearren Matthijs de Vries en Eke Folkerts mei in foarbyld fan de twatalige ferkearsbuorden
© Provinsje Fryslân
Oan de langetermyndoelen is it jier 2051 keppele, omdat Kneppelfreed dan hûndert jier lyn is. Op dy dei waard yn Ljouwert demonstrearre foar it rjocht om Frysk te praten foar de rjochtbank. Kneppelfreed wurdt sjoen as in wichtige dei yn de emansipaasje fan de Fryske taal.
Meekma hopet dat in soad minsken de kommende krystfakânsje even de tiid nimme om nei te tinken oer it taalbelied en harren miening troch te jaan.
"Alle mieningen en reaksjes sille wy mei wage by it fêststellen fan ús langetermyndoelen", seit Meekma. "In pear tûzen reaksjes soe dêrom moai wêze."

Ferkearsbuorden

Meekma sjocht dat it tal reaksjes de lêste tiid tanimt troch it nijs dat it Frysk in plak op de ferkearsbuorden krijt.
Foar de twatalige ferkearsbuorden binne twa ûntwerpen makke, beide mei de Nederlânske tekst boppe en it Frysk dêrûnder. Op Stim fan Fryslân kin ek stimd wurde op it ûntwerp dat de Friezen it moaist of it dúdlikst fine.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.