Omrop Fryslân

Provinsje presintearret twatalige ferkearsbuorden: Nederlânsk boppe, Frysk ûnder

Deputearren Matthijs de Vries en Eke Folkerts mei in foarbyld fan de ferkearsbuorden
© Provinsje Fryslân
'Gean werom!', 'Trochgeand ferkear', 'Doch jo ljochten oan' en 'Fytspaad'. Dizze teksten sille mei yngong fan takommend jier ferskine op de ferkearsbuorden lâns de Fryske diken.
It giet om twatalige buorden en op advys fan in ferkearspsycholooch komt de Fryske tekst ûnder de Nederlânske tekst.
Der binne twa farianten ûntwikkele: ien mei de Fryske tekst ûnder in horizontale line en ien mei de Fryske tekst kursyf. Op de webside stimfanFryslân.frl kin it publyk oant en mei 23 desimber stimme op ien fan de farianten dy't de foarkar hat.
Provinsje presintearret twatalige ferkearsbuorden: Nederlânsk boppe, Frysk ûnder
"Alle buorden mei tekst wurde twatalich makke", fertelt deputearre Eke Folkerts. Allinnich al lâns provinsjale diken giet it mei-inoar om hûnderten ferkearsbuorden en dan komme de buorden lâns de ryksdiken en dy fan de gemeenten der noch by.
De ynwenners fan Fryslân kinne kieze tusken twa farianten mei Nederlânsk boppe en Frysk ûnder. "Wy hawwe derfoar keazen om gjin buorden te meitsjen mei Frysk boppe en Nederlânsk ûnder", seit Folkerts.
"In ferkearspsycholooch hat ús advisearre dat it it bêste is om de taal dy't yn it hiele lân yn it ûnderwiis brûkt wurdt boppe-oan te setten."
Deputearre Eke Folkerts by de presintaasje fan de Bestjoersofspraak Fryske Taal en Kultuer
© ANP
By it ûntwikkeljen fan de twatalige buorden hat de provinsje ek sjoen nei modellen fan twatalige buorren yn Bretanje, Brussel, Kanada en Switserlân. In goed trochtocht ûntwerp moat betizing by ferkearsdielnimmers beheine, sa is it idee.
It Frysk moat boppe. Skean derûnder makket fan it Frysk in suertsje by de boadskippen.
Wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen
De gemeente Achtkarspelen liet al tolve jier lyn in folslein Frysktalich ferkearsboerd meitsje mei de tekst 'fytspaad'. Dat boerd is lykwols noait pleatst, omdat it yn striid mei de wet wie.
Wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen akseptearret no twatalige buorden, mar fynt wol dat de Fryske tekst boppe komme moat. "It Frysk moat boppe. Skean derûnder makket fan it Frysk in suertsje by de boadskippen."
Hy is net ûnder de yndruk fan de argumintaasje fan de ferkearspsycholooch. "Wa bepaalt dat in oar te dom is om it Frysk te lêzen? De minsken kinne it echt wol sjen út de auto wei."

Stikkers of in grutter boerd

De provinsje Fryslân stribbet dernei om de ferkearsbuorden lâns de provinsjale diken safolle mooglik yn 2026 oan te passen. By guon buorden kin dat oplost wurde mei nije stikkers, mar op oare plakken is in grutter boerd nedich.
De measte Fryske gemeenten hawwe oanjûn dat se de ferkearsbuorden ek twatalich meitsje sille. It giet dan bygelyks om de buorden mei it wurd 'sône' foar 30 kilometersônes. Iepenbiere oplaadplakken krije in buordsje mei de tekst 'allinnich foar opladen elektrysk rydark'.
"Gemeenten hawwe in eigen belied as it om it tempo giet", fertelt Folkerts. "Guon gemeenten passe de buorden oan as se oan ferfanging ta binne, oaren dogge it flugger."
In samling fan de buorden
© Provinsje Fryslân
De Fryske Nasjonale Partij hat yntusken Steatefragen steld oer de nije twatalige ferkearsbuorden. De partij wol nije wike yn Provinsjale Steaten pleitsje foar buorden mei it Frysk boppe en it Nederlânsk dêrûnder.

Kosten?

Wat it twatalich meitsjen fan de ferkearsbuorden krekt kostet, wit deputearre Folkerts noch net. Sadree't de kar foar it ûntwerp definityf is, sil de provinsje in offerte opfreegje.
De twatalige ferkearsbuorden binne mooglik trochdat provinsje en Ryk ôfspraken makke hawwe oer it sichtberder meitsjen fan it Frysk. Ek in mearderheid fan de Twadde Keamer trune der by it Ryk earder al op oan om hjir wurk fan te meitsjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.