Minister Hugo de Jonge wol mear ambysje foar Fryske taal en kultuer

Demisjonêr minister Hugo de Jonge
Demisjonêr minister Hugo de Jonge © ANP
Demisjonêr minister Hugo de Jonge wol dat der mear ambysje komt yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK). Dat is ien fan de redenen dat der noch gjin nije bestjoersôfspraak is.
De foarige BFTK rûn ein ferline jier ôf, mar wurdt ferlinge oant der ôfspraken makke binne foar 2024 oant 2028.
Yn in antwurd op fragen fan de Fryske Keamerleden Tjeerd de Groot (D66), Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) en Aant Jelle Soepboer (NSC) seit De Jonge dat it de bedoeling is om sa gau as mooglik ta goede ôfspraken te kommen mei de provinsje.
De provinsje en it regear prate al in skoft oer in nije BFTK. De Jonge jout ta dat de ûnderhannelingen útrinne, mar seit ek dat mear ambysje ek mear tiid kostet. Syn hoop is dat it noch oan it begjin fan dit jier slagget.
Aant Jelle Soepboer (NSC), ien fan de Fryske Keamerleden
Aant Jelle Soepboer (NSC), ien fan de Fryske Keamerleden © ANP
Oant dy tiid bliuwe dus de hjoeddeiske BFTK en oanfoljende ôfspraken oer de sichtberens fan de taal jilden. Yn de bestjoersôfspraak stiet hoe't it Frysk befoardere wurde kin en hoe't ynfolling jûn wurdt oan lanlike en Europeeske ôfspraken.
Deputearre Eke Folkerts (BBB), dy't ferantwurdlik is foar it taalbelied yn Fryslân, is wiis mei de reaksje fan De Jonge. Earder spruts sy har soargen út oer de hâlding fan it regear wat it Frysk oanbelanget.
De fragen waarden steld omdat der in soad Fryske Keamerleden en foarfjochters fan it Frysk út de Twadde Keamer ferdwûn binne. De Jonge seit dêrfan op de hichte te wêzen.

Opfolger fan De Jonge

Om de posysje fan it Frysk te garandearjen, seit hy ta dat er syn opfolger goed byprate sil oer it ûnderwerp. In 'wikseling fan de wacht' mei net te'n koste gean fan de soarchplicht foar it Frysk, skriuwt hy. De Jonge seit ta in saneamd yntroduksjedossier gear te stallen om syn opfolger paadkundich te meitsjen.
Op fersyk fan de Keamerleden binne de antwurden fan De Jonge net allinnich yn it Nederlânsk, mar ek yn it Frysk opsteld.