Frysk koördinator en juf Seepma: "Us bern binne de takomst fan de Fryske taal"

Suzanne Seepma ûnderwiis fryske rige Fryslân juf Frysk koördinator
Suzanne Seepma © Omrop Fryslân / Eigen foto
Hoe joust Frysk foarm yn it basisûnderwiis? Hokker fakken soene ek yn it Frysk jûn wurde kinne? It binne saken dêr't Suzanne Seepma har as juf én Frysk koördinator dwaande mei hâldt.
De Dokkumer docht dat foar skoallekoepel Noventa yn Achtkarspelen. Se tinkt mei oer belied foar Frysk en meartalich ûnderwiis en sjocht derop ta dat dat goed stiet.
Fan Frysk op 'e basisskoalle is grut ferlet, fernimt se. Dêrom wurdt op har skoalle yn Twizel sûnt de hjerstfakânsje alle wiken Fryske freed organisearre. Op dy dei giet alles op de skoalle, fan groep 1 oant en mei 8, yn it Frysk.
"Ik wurkje yn Twizel en dêr binne de bern tige Frysktalich, it Frysk is de taal fan harren hert, it is harren memmetaal. It idee is dat we dêr mei Fryske freed rjocht oan dogge."
Der wurdt op it stuit wurke oan in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy moat eltse fjouwer jier op 'e nij opsteld wurde. Yn de BFTK wurde ambysjes en plannen fêstlein op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Ut ferskate hoeken binne foarstellen yntsjinne, bygelyks út de kultuer, rjochtspraak en it ûnderwiis. Omrop Fryslân lit yn dizze rige bekende en ûnbekende minsken oan it wurd oer de takomst fan it Frysk.
De skoallekoepel is krektlyn úteinset mei Fryske freed, mar sjocht it net as eksperimint. "It is echt in stikje belied, de bedoeling is wol dat it echt fierder giet."
De bern tinke der krekt sa oer, fertelt Seepma. "Se fine it echt hiel leuk. Wy besykje der boartsjendewei wat mei oan de gong te gean. It lêzen passe we der ek wat yn."
Lear de lûden Frysk lespakket skoallebern letters
Bern leare Frysk mei in letterspultsje © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Se is der wis fan dat Fryske freed en omtinken foar de memmetaal fan in protte bern in positive ynfloed ha sil op harren ûntwikkeling. "Dat is ek wol oantoand, dat it wichtich is om de memmetaal goed oan te learen om letter ek oare talen goed te learen."
"It begjint al hiel betiid", leit Seepma út. "Wy ha hjir ek pjutten op skoalle en dêr giet alles ek twatalich."

Twatalich tige geunstich

Dat bern njonken Nederlânsk op skoalle ek Frysk leare, is neffens Seepma geunstich. "Bern dy't twatalich binne, hawwe in foarsprong. Hiel lang waard tocht dat it skealik wêze soe, dat Frysk it Nederlânsk yn it paad sitte soe. Dat is net wier."
Fryske Freed op skoalle CBS De Oanrin yn Twizel
Suzanne Seepma foar de klasse op Fryske Freed © RTV NOF
Seepma jout les oan groep 7 en 8. Dêr wurdt it skriuwen fan it Frysk ek in hieltyd wichtiger ûnderdiel. "Ik sjoch it seker as myn taak om de bern dat mei te jaan, ek al is it noch mei flaters. Us bern binne de takomst fan de Fryske taal."
Sy hat leaver dat de bern wat flaters meitsje as dat se it Frysk net mear brûke. "Der binne minsken dy't benaud binne om it te skriuwen, ik fyn it spitich as minsken it net mear doarre."

Taalplan 2030

Fan de provinsje út is Taalplan 2030 opset om it Frysk yn de mande mei ferskate taal- en ûnderwiisynstellingen in steviger plak te jaan yn it ûnderwiis. Plannen dêr't Seepma optimistysk oer is.
"De ambysje is moai. Foar ús is it hjir echt wol helber om yn 2030 op A-nivo te sitten mei it Frysk. Ik wit fansels net hoe't dat op oare plakken is."
Seepma stiet as Frysk koördinator de hiele skoallekoepel fan kristlike skoallen yn Achtkarspelen by. "Ik help de skoallen hiel aktyf om alles op A-nivo te krijen. Guon binne der al en oaren binne der hast." Yn totaal falle alve skoallen yn de gemeente ûnder har koördinaasje.
Wy ha hjir yn Fryslân no ien kear in ekstra fak.
Frysk koördinator en juf Suzanne Seepma
Dat de provinsje byspringt om Frysktalich ûnderwiis mooglik te meitsjen, stelt se op priis. De skoalle yn Twizel hat mei it subsydzje lesmateriaal oanskaffe kinnen. "Foar groep 3, 4 en 5 ha wy hiel moaie letterdoazen oanskaft en fierder noch in hiel protte print- en lesboeken."
De boaiem fan it subsydzjepotsje is lykwols berikt, fertelt se. Se hopet dat de provinsje de subsydzje beskikber stellen bliuwt foar no en letter. It helpt skoallen yn Fryslân by de ekstra útdaging dy't sy hawwe, seit se. "Wy ha hjir yn Fryslân no ien kear in ekstra fak."

"Prachtich stikje fan Nederlân"

In ekstra fak dat net in lêst wêze moat, fynt se. "It is in prachtich moai stikje fan Nederlân, dat wy hjir ús eigen taal en kultuer hawwe. Learkrêften en skoallen moatte út harsels ek dy needsaak fiele om omtinken te jaan oan de Fryske taal en kultuer."
Sels stiet se der posityf yn. It Frysk libbet en bliuwt der neffens har noch wol efkes. "Ik fyn it echt fantastysk om my der dwaande mei te hâlden en ik sil my der altyd foar ynspannen bliuwe. Ik kin der ek net negatyf yn stean: it is myn wurk om my derfoar yn te setten."
RTV NOF wie yn novimber op CBS De Oanrin yn Twizel op Fryske freed: