Omrop Fryslân

Meiwurker gemeente De Fryske Marren bedrige om Boer Bart

De pleats fan 'Boer Bart'
© Omrop Fryslân
In meiwurker fan de gemeente De Fryske Marren dy't belutsen wie by it beslút dat boer Bartele Holtrop fan Rotstergaast ophâlde moat mei guon fan syn aktiviteiten, wurdt op sosjale media bedrige.
"Wij staan voor onze mensen", seit wethâlder Irona Groeneveld. "Onze medewerkers werken in dienst van het college en de raad. Het college van burgemeesters en wethouders neemt de besluiten, niet de medewerker."
De saak kaam ferline wike oan it rollen nei in artikel op de webside fan Omrop Fryslân. Dêryn fertelde 'Boer Bart' dat hy inkelde fan syn nevenaktiviteiten, wêrûnder in restaurant en in winkel, beëinigje moat omdat hy dêr gjin fergunning foar hat.
Neffens Holtrop kin syn bedriuw sûnder dy nevenaktiviteiten net oerlibje. Hy die earder in oprop oan it publyk om harren net te mingen yn de saak.

Saak foar de rjochter

It kolleezje hâldt de hanthavening yn stân, ek nei in oerlis mei Holtrop ôfrûne freed.
"Meneer Holtrop heeft daarbij gevraagd te stoppen met de handhaving", seit Groeneveld. "Of in ieder geval te wachten met de handhaving tot er een uitspraak van de rechter is. Het college heeft besloten niet te wachten omdat we vinden dat we een zorgvuldige afweging hebben gemaakt."
Groeneveld beklammet dat de aktiviteiten inkeld net útfierd wurde meie fan 1 oktober oant 1 maart. "De vergunning zoals afgegeven in 2020 schrijft voor dat hij bepaalde activiteiten alleen van maart tot en met september mag uitvoeren."
Mocht 'Boer Bart' lykwols dochs it hiele jier syn aktiviteiten útfiere wolle dan kin er neffens de wethâlder in plan fan oanpak yntsjinje by de gemeente. "We zullen dit dan opnieuw beoordelen, maar het is geen garantie dat hij die toestemming dan ook uiteindelijk krijgt."
Om dúdlikheid te krijen oer de saak, bûcht de rjochter him op 16 desimber hjiroer.

Boer Bart is teloarsteld

"Wy binne bot teloarsteld dat it kolleezje net doart op te stean tsjin de macht fan it amtlik systeem", lit 'Boer Bart' witte yn in reaksje.
Neffens him binne yn it proses flaters makke. "Wy binne it echt net iens mei harren manier fan hanneljen en de manier fan hoe't sy de gegevens binnenhelle hawwe. Wy sjogge dêrom mei in hiele soad fertrouwen nei de rjochtsaak."

Utlis gemeente oer reden ta hanthavening

Holtrop hat yn 2020 in fergunning oanfrege om fan maart oant en mei septimber aktiviteiten te organisearjen, njonken syn feehâlderij. De gemeente hat dy fergunning doe ferliend.
Nei hanthaveningsfersiken út de omjouwing en nei kontrôles hat bliken dien dat de omfang fan de aktiviteiten grutter is as tastien, seit de gemeente. Boppedat fine dy aktiviteiten ek bûten de tastiene perioade plak. Dêrom hat de gemeente aksje ûndernaam.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.