Mei in gigantyske 'fleantúchwjuk' út Heech kinne skippen suniger farre
Skippen dy't suniger farre kinne, yn Heech wurde dêr op it stuit grutte stappen yn set, mei help fan 'e krêft fan 'e wyn. Der farre no al lytsere skippen rûn mei saneamde wynwjukken.
Dat binne in soarte fan silen, dy't makke binne fan metaal.
De wynwjukken binne goed te fergelykjen mei de wjuk fan in fleantúch dat rjochtop op in skip stiet.
Sa krêftich as tsien auto's
De foarm fan de wjuk snijd troch de wyn en helpt it skip foarút.
Yn Heech wurdt boud oan in prototype, dat folle grutter is as alle besteande eksimplaren; ien fan 30 meter heech en 27 meter lang.
Net langer fan aluminium, mar fan stiel. En as it prototype klear is, komt dat op in coaster, in lyts seehannelsskip fan Boomsma Shipping út Snits.
Opdrachtjouwer is Tjeerd Wiebe Bijlsma fan Bijlsma Marine Services yn Warten.
"Op dit stuit binne der op de wrâld inkelde tsientallen lytsere coasters dy't farre mei sokke wjukken. It prinsipe liket op in fleantúchwjuk. Troch de rûne foarm fan de wjuk ûntstiet oan de iene kant oerdruk en oan de oare kant ûnderdruk."
"Dêrtroch ûntstiet opdriuw, dy't it skip foarút helpt. Moatst rekkenje op de krêft fan tsien middenklasse auto's."
Minder brânstof nedich
Bijlsma leit út dat de winst foar de rederijen lizze kin yn it besparjen op de belesting dy't heft wurdt op de útstjit fan skippen.
Tagelyk kin der 10 oant 20 persint besparre wurde op de brânstof.
Yn it Europeeske Interregionaal NWE-project 'Wind for Shipping (W4S)' wurkje regio's út Dútslân, Frankryk en Nederân gear by it fierder ûntwikkeljen en opskalen fan de produksje fan de oandriuwing fan seeskippen mei wyn.
Neffens de provinsje komme oer de hiele wrâld 30.000 seeskippen yn de beneaming foar dizze technology.
De maritime sektor en stielferwurkjende bedriuwen út Fryslân wurkje mei merklieder Econowind oan de produksje en ynstallaasje fan wynwjukken.
Bedriuwen as Bijlsma Marine Services, Boomsma Shipping, Machinefabriek Leenstra en Nauta Heeg spylje hjiryn in wichtige rol.
Tjeerd Wiebe Bijlsma is optimistysk: "Ik bin allinnich begûn mei dit projekt, no is it al in echt bedriuw wurden."
Ek it Maritiem Instituut Willem Barentsz is belutsen.
Omdat it farren mei de wynwjukken oare feardichheden freget, wurde de takomstige seelju al yn harren oplieding taret op dizze nije wize fan farren.