Skorsing skipskeurder NBKB opheft, mar efterstân net samar fuort

ANP
In skip op de wâl © ANP
De skorsing fan skipskeurder NBKB is opheft. It bedriuw mocht sûnt oktober gjin skippen mear keure omdat it net ûnôfhinklik genôch wie.
It bedriuw wie ûnder oare ferantwurdlik foar de keuring fan it sylskip Risico dêr't yn 2022 in 12-jierrich famke op om it libben kaam nei it brekken fan de gyk.
De Risico
De Risico © CAMJO Media
De skorsing fan it bedriuw soarge foar problemen yn de binnenfeartsektor. It NBKB docht goed 60 persint fan de keuringen. Dat binne hast achttûzen skippen: fan frachtskippen oant histoaryske sylskippen.
No't it bedriuw wer keure mei, kin der in begjin makke wurde mei it fuortwurkjen fan de efterstannen, seit de ynspeksje foar leefomjouwing en transport (ILT).
Oan guon skippen dy't net keurd wurde koenen trochdat de akkreditaasje fan it keuringsbedriuw ynlutsen wie, hat de ILT tydlike sertifikaten ferliend. Dat is in maatrgel dy't mar ien kear naam wurde kin. Dêrnei moatte dizze skippen keurd wurde.
De ekstra keuringskapasiteit dy't beskikber komt mei it opheffen fan de skorsing is dan ek "zeer welkom" meldt de ILT, mar de efterstannen binne sa grut dat se "niet in een oogwenk" oplost binne. De keuringskapasiteit fan it bedriuw is no lytser as earder.