Wat gie der mis op de Risico? Rekonstruksje fan it drama dêr't Tara (12) by omkaam

De 12-jierrige Tara © Foto famylje

Hoe koe it deadlike ûngelok op it skip Risico yn 2022 gebeure? Tongersdei tsjinnet de rjochtsaak tsjin de skipper fan it histoaryske sylskip. In rekonstruksje fan it drama dêr't de 12-jierrige Tara by om it libben kaam.

Op woansdei 31 augustus 2022 farre yn totaal sân skippen mei learlingen fan middelbere skoalle Dalton Den Haag op de Waadsee. Ien fan dy skippen is de Risico, in klipper. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei falt it skip drûch op in sânbank ûnder Skylge. Moarns set it skip ôf yn 'e rjochting fan Flylân.

Om nei Flylân te farren moat it skip yn de West Meep, it stik wetter tusken Skylge en Flylân, in gyp meitsje. Dit is in hanneling dêrby't it skip in oare koers fart en de silen fan de iene nei de oare kant fan de boech ferpleatse.

Op de Risico is foldwaande tiid en romte om alles ta te rieden, der stiet wynkrêft 5 en it sicht is goed.

De Risico © Hajo Olij

De passazjiers - de 12-jierrige Tara, har alve klasgenoatsjes en in begelieder - moatte foar de roef sitten gean. Dat wurdt oan board sjoen as it feilichste plak.

Healwei de sylmanoeuvre brekt de gyk ynienen dwerstroch en Tara rekket beknypt ûnder it ôfbrutsen gedielte. De rêdingsbrigade fan de KNRM wurdt oproppen, mar de help komt foar Tara te let.

Hoe koe it sa misgean op it sylskip Risico?

Ut it rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid fan septimber docht bliken dat de gyk bruts troch houtrot. Op it plak fan de brek en binnenyn de gyk siet skimmel en focht. Dêrtroch is der in kwetsber plak yn it hout ûntstien en bruts de gyk úteinlik ôf.

Underhâld

It lêste grutte ûnderhâld is yn de winter fan 2019/2020 útfierd. De gyk is skjirre en op 'e nij yn de lak set. By dy wurksumheden binne de wynskuorren al konstatearre, mar omdat dat in ferskynsel is dat faker foarkomt, wurdt der fierder gjin oandacht oan bestege.

Wat is in wynskuor?

Wynskuorren komme faak foar op skippen. As hout drûget, dan krimpt it. Troch it krimpen fan it massive hout ûntsteane der saneamde wynskuorren yn de lingterjochting fan it hout. Wynskuorren yn rûnhouten, sa as de mêst en gyk, hoege net slim te wêzen as it wetter der útrinne kin. As it wetter der net útrint of de wynskuorren hiel djip binne, kin it rûnhout wol ferswakje.

Rjochtsaak tsjin de skipper

Tongersdei is de rjochtsaak oer it ûngelok op sylklipper Risico. It Iepenbier Ministearje ferfolget de 49-jierrige skipper foar dea troch skuld. "Uit het strafrechtelijk onderzoek is gebleken dat de giek slecht was onderhouden, is gaan rotten en zo af kon breken. Bovendien waren de keuringsrapporten van het schip verlopen", sa ferklearret parse-offisier Debby Homans-de Boer.

"Een schipper is verantwoordelijk voor de veiligheid aan boord. Gelet op de uitkomsten van het onderzoek heeft het Openbaar Ministerie besloten om de 49-jarige schipper uit Harlingen te vervolgen voor dood door schuld."

It Iepenbier Ministearje neamt it in 'ongelooflijk tragische gebeurtenis', mar jout oan dat de skipper wol altyd ferantwurdlik bliuwt foar de feiligens.

Nei 2020, yn de coronapandemy, leit it skip stil yn de haven. De seilen binne fan it skip helle, mar de mêst en gyk bliuwe ûnbedutsen op it skip.

Troch it stillizzen

Al dy tiid is der sprake fan saneamde 'ynwettering'. Gewoanwei hoecht dat gjin probleem te wêzen, as de gyk mar yn beweging is en it wetter wer út de wynskuor rinne kin. Mar troch it stillizzen fan de Risico koe it wetter op it hout ynwurkje.

De gyk fan de Risico wie tsien jier âld en yn febrewaris 2020 foar it lêst troch in keuringsburo ynspektearre.

Yn it ynspeksjerapport steane gjin bysûnderheden. Wat opfallend is, is dat der yn it ynspeksjerapport gjin melding makke is fan wynskuorren. De skipper ferklearre dat der op it momint fan dizze keuring wol wynskuorren yn de gyk sieten.

Sertifikaat seis wike ferrûn

Nei oanlieding fan de ynspeksje waard it sertifikaat 'Bewijs van Tuigage' ôfjûn. Dat dokumint wie jildich oant 17 july 2022. Op it momint fan it ûngelok dêr't Tara by omkaam, wie it sertifikaat dus seis wiken ferrûn.

De ynspeksjes by de brune float binne altyd momintopnamen. De ynspekteur kin allinnich tekoartkommingen sinjalearje dy't sichtber binne en spoart net aktyf ferburgen gebrekken op.

Wynskuor fan de Risico © Onderzoeksraad voor Veiligheid

Dizze wize fan ynspektearjen jout neffens de Onderzoeksraad voor Veiligheid gjin garânsje dat de mêst of gyk sûnder mankeminten oant de ein fan de jildichheid fan it sertifikaat feilich bliuwt. It is de ferantwurdlikens fan de skipper om it hout tuskentroch te kontrolearjen.

Faker ôfbrutsen mêsten en giken

Nei in rûnfraach fan de Onderzoeksraad by fersekeringmaatskippijen en keuringsburo's die bliken dat rûnhouten fan histoaryske sylskippen mei it silen wolris faker ôfbrutsen binne, sûnder dat der slachtoffers foelen.

De skea is wol by fersekeringsmaatskippijen oanjûn, mar net altyd trochjûn oan ynstânsjes lykas de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT). Hjirtroch is der gjin dúdlik oersjoch fan hoe faak dit probleem him foardocht.

Konklúzjes Onderzoeksraad voor Veiligheid oer de brune float:

  • It tafersjoch fan de Inspectie Leefomgeving en Transport funksjonearret net foldwaande;
  • Der is in protte romte foar ynterpretaasje fan wet- en regeljouwing;
  • De keuringsburo's binne troch beheinde keuringsnoarms net goed taret op harren taak;
  • Skippers en eigeners fan skippen wurde te min oansprutsen op harren ferantwurdlikens;
  • Passazjiers kinne net neigean wat de feiligensrisiko's binne fan in skip.