Omrop Fryslân

Lutz Jacobi naam ôfskied fan twa leafdes: har man en har partij

Lutz Jacobi en har man Koos Pereboom
© Lutz Jacobi
We nimme hast ôfskied fan it jier 2025. Foar Lutz Jacobi wie dit in jier fan ferlies. Neidat se yn 2024 har man Koos ferlear, ferliet se dit jier har twadde leafde.
Jacobi stapte út har partij, de PvdA, omdat se ûntefreden wie oer de koers en fúzje mei GroenLinks.
Nettsjinsteande de tsjinslaggen, bliuwt Jacobi posityf.
"It is by my eins altyd wol sinneskyn. Sa sit ik yn mekoar."

Ferlies fan har man

Jacobi wie 25 jier mei har man Koos, doe't hy op 11 augustus 2024 ferstoar op 85-jierrige leeftiid.
"Myn Koos en ik hawwe in hiel moai libben hân", fertelt Jacobi.
"We hawwe yn alles in protte foar mekoar betsjut. We hawwe moaie dingen dien. We hawwe reizge, mar ek gewoan lekker thús geniete. It wie altyd leuk."
We hiene in hiel protte oerienkomsten.
Lutz Jacobi oer de relaasje mei har man Koos
"Dat mis ik hiel bot, mar ik bliuw tankber dat ik sa'n moai libben mei him hân haw. En it makket my ek net wanhopich fertrietlik. It hâldt my skerp en sterk."

Koos wie altyd himsels

Jacobi en har man Koos troffen mekoar op 5 maaie 2000 by it befrijingsfeest yn Ljouwert. De dryste skuon waarden oandien en der kaam in ôfspraak by Koos yn Utrecht.
Sa kaam fan it iene it oare.
"Koos wie folslein himsels. Hy hie in iepen geast, wie filosofysk en wie steld op syn frijheid, lykas ik", fertelt se. "We hiene in hiel soad oerienkomsten."
Koos wie 17 jier âlder as har, mar dat fielde net sa.
"It wie ek wol noflik. As manlju in bytsje âlder binne, dan binne se ek net sa hoannich mear", seit se mei in laits.
Koos  by kampanjeboerd Lutz
© Lutz Jacobi
Yn 2023 naam Jacobi ôfskied as direkteur fan de Waadferiening, mei de bedoeling om tegearre mei Koos noch moaie dingen te dwaan en te reizgjen.
Dat jier dogge se noch in hiel soad mei mekoar. "It wie suver al in simmer fan ôfskied", seit Jacobi.
Want al gau giet it minder mei Koos. Hy krijt meardere harsenynfarkten.

Hiel fertrietlik

It proses fan siikwêzen fûn se eins folle slimmer as it stjerren fan Koos.
"Ik fûn it hiel fertrietlik om him lijen te sjen."
Se naam him safolle mooglik mei salang't it koe. "It favorite plak wie de Waadkust. Dêr genoaten we bot fan. Koos sei dan faak: 'Wat heb ik toch een mooi leven met jou gehad.'"
Foar Jacobi is it in grutte treast dat se it ek oan 'e ein bytiden noch sa goed mei mekoar hiene.
"Ik sjoch no hoe belangryk oft it is dat je tefreden binne en moaie oantinkens hawwe. Dat makket it fertriet in stik makliker."
Lutz Jacobi en har man Koos
© Lutz Jacobi
Nei de dea fan Koos pakt se har libben wer op. Dat slagget ek, omdat se de gedachte oan Koos libjend hâldt mei moaie foto's yn 'e hûs, mar sa út en troch praat se ek tsjin him.
"Ik kin wol loslitte. Mar ik bepaal sels hoe ticht oft Koos by my bliuwt. Hy is der altyd noch in bytsje."

Caravan 'Rebel'

Ek op oare gebieten giet se wer fierder mei it libben, want "ik jou de moed net ferlern", sa seit se.
Jacobi keapet in minycaravan mei de tapaslike namme Rebel en giet deropút. "Ofrûne simmer haw ik fjouwer wiken troch Frankryk strúnd."
Allinnich op 'en paad gean, fynt Jacobi gjin probleem. Se wie it wend út it ferline wei. Se reizge eartiids allinnich troch Kanada en Amearika.
Ek as Keamerlid wie se in protte allinnich. "Ik haw dêr selsfertrouwen yn. Ik rêd dat wol, en oars gean ik wer nei hûs."

Pynlik ôfskied fan de PvdA

Har ôfskied fan de PvdA die - en docht noch - sear. It makket har, as we it der oer hawwe, wer lilk.
"Mei de PvdA wie ik langer troud as mei Koos."
Jou dyn identiteit net fuort.
Lutz Jacobi oer de fúzje fan de PvdA mei GroenLinks
"Fan oarsprong binne we in partij dy't fjochtet tsjin it grutkapitaal, en dat minsken it goed hawwe moatte mei mekoar yn dit lân. Dat is de krêft fan de sosjale demokrasy."
Lutz op kampanje foar de PvdA
© Lutz Jacobi
Se hie der al folle langer argewaasje fan dat de partij dêr net mear genôch foarm oan joech en, yn har eagen, fierstente folle mei fusearjen dwaande wie. "Dat is dom tinken."
"Ik fyn dat partijen op ynhâld mearderheden meitsje moatte en gearwurking sykje moatte mei oare partijen. Mar jou dyn identiteit net fuort."
Dat wie foar har lykwols noch gjin reden om de partij te ferlitten. Dat momint kaam op in kongres op 21 juny dit jier.
"Ik kin der noch wol om janke. Ik wie sa lilk!"
As dit de takomst is fan myn partij, dan wol ik der net mear by hearre. Se smoare der mar yn.
Lutz Jacobi wie poer
Gerdi Verbeet, âld Keamerlid foar de PvdA en fraksjefoarsitter fan de Twadde Keamer, wie tsjin in moasje dy't de partij oannimme woe om in totaalferbod op wapenleverânsjes oan Israel te meitsjen. Se waard dêrom úthune en útskolden.
"Ik tocht, wat bart hjir? Net ien die wat, Timmermans net, de partijfoarsitter net. En doe tocht ik: wêr is myn partij dy't hjir op yngrypt?"
Se fielde har net mear feilich by har partij.
"As dit de takomst is fan myn partij, dan wol ik der net mear by hearre. Se smoare der mar yn."
Nei 40 jier lidmaatskip wie it foarby.
Jacobi ferliet de partij.

"It docht hartstikke sear"

Der hat nea wer kontakt west tusken Jacobi en minsken fan de partijtop. Allinnich guon fraksjeleden út de regio diene dat.
Ek Lodewijk Asscher, hy skreau har in brief. "Mar fan de minsken dy't it neffens my dwaan moasten, hearde ik neat mear."
As se deroer praat, wurdt se wer lilk.
"It is in djippe teloarstelling. Ik haw de partij net ferlitten, de partij hat my ferlitten. Ik leau yn de sosjale demokrasy en dat wie myn partij. Mar ik tink dat dêr ek ôfskied fan naam is. It docht hartstikke sear. Ik hear no by gjinien mear."
Lutz Jacobi op argyfbyld
© ANP
Se bliuwt derby dat de fúzje in heilleaze wei is en dat de partij him fierstente min sjen litten hat yn de ôfrûne jierren.
"We krigen neat foar mekoar yn dit lân en just yn dy tiden seach ik de PvdA net. Dat links yn de minne hoeke sit, is neffens my ek oan himsels te tankjen."
"25 kear op de A12 sitten gean om te protestearjen, helpt ek net echt om populêr te wurden. Dêr hawwe minsken in hekel oan."
Links moat neffens har mear fokusje op mear macht jaan oan de oerheid, bygelyks op it mêd fan ûnderwiis en soarch.
Mei it fjoer yn de eagen pleitet Jacobi hjirfoar. "Ik fyn dat elkenien it goed hawwe moat."

Gjin swart gat

In weromkear yn de polityk liket der net mear yn te sitten, mar fan in swart gat is gjin sprake.
Jacobi is ûnder oare belutsen by it Jopie Huisman Museum, it Foppe Fonds, Aktie'67, sc Hearrenfean en Tienskip.
En wat as har âlde partij har bellet en freget om mei te tinken?
"Ik bin de beroerdste net. Dan soe ik dat foar de mienskip dwaan."
Doch de dingen dêr'tst no noch tiid foar hast. It libben is samar foarby.
Lutz Jacobi
Fierder besiket se safolle as mooglik te genietsjen fan it libben.
"In goede freondinne fan my ferstoar krektlyn op 66-jierrige leeftiid", fertelt Jacobi. It konfrontearret har noch mear mei de einichheid.
Dêrom in goede ried. "Doch de dingen dêr'tst no noch tiid foar hast. It libben is samar foarby."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.