Omrop Fryslân

"Ik waard ferguisd, mar miskien fine se my no wol wer leuk"

Roelof de Vries, Casper Slotboom, Lennard Geerts, Avine Fokkens en Lutz Jacobi
© Omrop Fryslân
As der in nije partij komt, stiet âld-Keamerlid Lutz Jacobi (PvdA) dêr wol foar iepen. Dat seit se yn De Vrieske Wike. "Ik tocht: 'hé, wat leuk', mar ek 'wat is hjir oan de hân?'"
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) dropte dizze wike it idee foar in nije partij. Jacobi kaam ek alris mei dat plan. "Ik waard ferguisd, mar miskien fine se my no wol wer leuk."
Jacobi giet dermei yn op de diskusje dy't spilet oer de fuzje tusken PvdA en GrienLinks. "Ik fyn it gewoan spitich dat der gjin ienheid yn sit. It moat gean oer de ynhâld en net oer wa't listlûker wurde moat."

Links net klear, mar rjochts ek net

Mocht it kabinet falle, dan binne de sosjaal-demokraten neffens Jacobi net klear foar nije ferkiezingen. "Links is der net klear foar, mar rjochts ek net", seit se.
Yn it programma wiene neist Jacobi ek boargemaster Avine Fokkens-Kelder fan Hearrenfean en ferslachjouwers Casper Slotboom en Lennard Jan Geerts fan Omrop Fryslân te gast.
Der waard ûnder oaren praat oer de fjoerwurkdiskusje, en de lange azc-diskusje dy't tongersdeitejûn in ûnferwachte wending krige yn de gemeenteried fan Hearrenfean.
In grut part fan de ried wie foar in azc, mar dochs gie it net troch. "Het voelt niet als een nederlaag", seit Fokkens. "Voor het college niet, en de raad moet het ook niet zo voelen. Dat zou ik oprecht jammer vinden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.