Frysk PvdA-boechbyld Lutz Jacobi hat lidmaatskip opsein
Lutz Jacobi, jierrenlang it Fryske gesicht fan de PvdA, hat sneontejûn har lidmaatskip fan dy partij opsein. Direkte oanlieding dêrfoar binne de omgongsfoarmen op it resinte partijkongres yn Nieuwegein, sa befêstiget se oan Omrop Fryslân.
De 69-jierrige Jacobi is op dit stuit mei fakânsje yn Frankryk. Dêr seach se sneon op ôfstân nei it kongres fan PvdA en GroenLinks, dat benammen gie oer de nije Israel-koers fan de partij.
Se jout oan bot skrokken te wêzen fan de omgongsfoarmen en de reaksjes yn de seal. "Dit is net mear myn partij", sa fertelde se oan de Ljouwerter Krante.
"Foar my is it in prinsipjele kwestje fan hoe't ik nei minsken ta stean. As je sa mei je leden omgeane, dan ferwachtsje ik der net folle fan", neffens Jacobi.
Twadde Keamer
Jierrenlang wie Jacobi Keamerlid foar de PvdA. Tusken 2018 en 2022 wie se gemeenteriedslid foar dy partij yn Ljouwert en dêrnei siet se koart yn it lanlike haadbestjoer. Dat plak joech se doe al gau op om't se tsjinstanner wie fan de fúzjeplannen mei GroenLinks.