Buma sprekt hoop út: nij kabinet moat besluten nimme, net mear trochskowe
Sybrand van Haersma Buma sil syn ûnderfining as boargemaster fan Ljouwert brûke by syn rol as ynformateur. "Er zijn veel nieuwe regels gekomen die heel moeilijk uitvoerbaar zijn."
Buma waard tongersdei formeel as ynformateur beneamd troch de Twadde Keamer. Yn gearwurking mei D66-koryfee Hans Wijers moat Buma hjoeddeistich partijlieders Henri Bontenbal en Rob Jetten begeliede by it opstellen fan in 'positive aginda'.
It idee is dat de twa partijen mei plannen komme dêr't oare partijen har letter by oanslute kinne.
Nei trije wiken werom nei Ljouwert
Buma en Wijers krije dêr trije wiken foar. Langer as dat is Buma ek net beskikber, fertelde er op de earste parsekonferinsje fan beide ynformateurs.
"Ik kreeg nu al een foto van een wethouder, die appte dat hij mijn werkkamer had ingepikt", grapke er. "Dus ik ga na drie weken zeker terug naar Leeuwarden."
Letter gie er serieuzer yn op syn taak as ynformateur. Yn de ôfrûne seis jier, as boargemaster fan Ljouwert, hat er saken leard.
"Nadat ik zes jaar geleden ben vertrokken uit Den Haag, heb ik gemerkt dat er nieuwe wetgeving is en nieuwe regels komen die heel moeilijk uitvoerbaar zijn."
Niet een kabinet dat besluiten uitstelt of zelfs helemaal geen besluiten neemt. Dat hoop ik.
Syn hoop is dêrom dat der in stabyl kabinet komt dat rekken hâldt mei de praktyske útwurking fan wat yn Den Haag betocht wurdt.
Hy winsket boppedat "een kabinet dat knopen doorhakt en een toekomstvisie maakt" en dus net "een kabinet dat dingen over ons uitstrooit".
Yn tsjinstelling ta de ôfrûne jierren moat der wat Buma no in kabinet komme dat besluten nimt. "Niet meer uitstellen of zelfs helemaal geen besluiten nemen."
Net ienfâldich
Buma jout ta dat trije wiken dêr te koart foar binne, ek omdat D66 en CDA it lang net oer alles iens binne. Neffens him ha minsken de gedachte dat de twa partijen der 'wol even útkomme', mar der binne grutte ferskillen. "Het wordt geen eenvoudig traject."
Dochs hat er der fertrouwen yn, want Jetten en Bontenbal ha de ambysje útsprutsen dat se derútkomme wolle. "Dan mogen we ze er ook aan houden."
Falske start Wijers nei opmerking oer Yeşilgöz
De parsefragen nei parsekonferinsje gongen foar it grutste part oer in útspraak fan Wijers op ferkiezingsjûn. Dêr hie er VVD-lieder Dilan Yesilgöz in "leugenaar" neamd, en hy hope dat de VVD "zwaarder afgestraft" wêze soe by de ferkiezingen.
Wijers seit no dat er dat net sizze moatten hie. Hy hat syn wurden weromnaam en dêrmei moat de kwestje ferline tiid wêze, neffens him. Hy neamde it "een vervelend begin, maar het overschaduwt niet mijn enthousiasme".
Buma fûn de eardere útspraken fan Wijers ek net handich, mar tinkt dat minsken de kwestje wol ferjitte "als we laten zien dat we met resultaten kunnen komen".
Oan 'e ein fan de parsekonferinsje krige Buma de lakers noch even op 'e hân, al wie dat net syn bedoeling.
"Zes jaar ben ik nu in Groningen", sei er even. "Groningen? In Leeuwarden! Zes jaar zitten we met die stikstofcrisis, dat kan toch niet langer? Daar wil Leeuwarden een oplossing voor, en Groningen ook trouwens."