De populêrste Friezen, it wenplakeffekt en ferskillen tusken Fryske en Nederlânske kiezers
Marieke Vellinga-Beemsterboer is de populêrste Fryske politikus yn Nederlân. De nûmer 27 fan D66 krige by de Twadde Keamerferkiezingen 36.576 stimmen.
Dêrmei is de wethâlder fan Flylân mei foarkarstimmen keazen yn de Twadde Keamer. De drompel foar in sit op basis fan foarkarstimmen lei op 17.620 stimmen.
Dat is ien fan de fjouwer konklúzjes dy't Omrop Fryslân lûkt út de offisjele ferkiezingsútslach dy't de Kiesraad freed publisearre hat.
Ut dyselde sifers docht ek bliken dat Fryslân dúdlik oars stimd hat as Nederlân: mei allinnich Fryske kiezers hie de Twadde Keamer der hiel oars útsjoen. Dêroer letter mear.
1. Vellinga, De Hoop en Wiersma populêrste Friezen
Vellinga is ien fan de fiif froulju dy't de Keamer ynkaam is mei tank oan de kampanje Stem op een Vrouw, dy't oprôp om te stimmen op in frou dy't oars mooglik njonken in sit gripe soe.
Sûnder it hege tal foarkarstimmen wie Vellinga krekt bûten de boat fallen, want har partij D66 hat by de ferkiezingen 26 sitten behelle.
Nei Vellinga hat Habtamu de Hoop de measte stimmen krigen. De nûmer acht fan GroenLinks-PvdA krige 28.605 stimmen. Ek Femke Wiersma (nûmer fjouwer BBB) kaam noch boppe de foarkarsdrompel út, mei 18.903 stimmen.
Oare Friezen mei mear as tûzen stimmen wienen Luciënne Boelsma-Hoekstra (CDA, 7.282 stimmen), Aant Jelle Soepboer (FNP, 6.279), Harry Bevers (VVD, 2.353) en Maarten Goudzwaard (JA21, 1.842).
Yn boppesteande list steane allinnich kandidaten mei in wenplak yn Fryslân. Friezen om utens, lykas Eddy van Hijum, binne hjir net yn opnaam.
Yn Fryslân hat Habtamu de Hoop de measte stimmen fan alle Fryske kandidaten krigen: 13.559. Allinnich listlûkers Wilders (PVV), Bontenbal (CDA), Jetten (D66), De Vos (Forum voor Democratie), Yesilgöz (VVD), Timmermans (GL-PvdA) en Eerdmans (JA21) krigen mear stimmen.
2. Wilders grutste stimmelûker yn Fryslân
Gjin inkelde listlûker is yn Fryslân sa populêr as Geert Wilders. Hy hat yn syn ientsje mear stimmen krigen as elke oare partij yn totaal: Wilders krige 68.852 stimmen, it CDA 65.062.
Fan alle Friezen dy't op de PVV stimd ha, hat mear as 94% foar Wilders keazen. By oare partijen binne de stimmen mear ferdield oer de kandidaten.
De Hoop is dus de iennige Fryske kandidaat dy't yn Fryslân by de top 10 stimmepakkers stiet. Luciënne Boelsma (5.419 stimmen, plak 14), Femke Wiersma (4.145 stimmen, plak 21) en Marieke Vellinga-Beemsterboer (3.434 stimmen, plak 25) steane wat leger yn dat klassemint.
3. It wenplakeffekt
Wylst GL-PvdA-listlûker Timmermans yn hiel Fryslân noch mear stimmen krige as Habtamu de Hoop, krige dy lêste yn syn thúsgemeente Súdwest-Fryslân mear stimmen: 2.540 om 2.026.
Yn syn eardere wenplakken Wommels en Easterein skoarde De Hoop yn it bysûnder goed: respektyflik 7,9 en 7,1 prosint fan de stimmen krige er dêr.
Marieke Vellinga moat it dus benammen ha fan de stimmen dy't se bûten Fryslân krige. De D66-politika komt fan Boazum, mar dêr stie gjin stimburo. Yn omlizzende doarpen lykas Skearnegoutum en Sibrandabuorren krige se krekt wat mear as 2 prosint fan de stimmen.
Op Flylân, it plak dêr't Vellinga wethâlder is, krige Vellinga 42 stimmen, wat delkomt op 4 prosint fan alle stimmen dy't op it Waadeilân útbrocht binne.
Luciënne Boelsma, de nûmer fjirtjin fan it CDA, krige yn har wenplak Jiskenhuzen 94 stimmen, wat delkomt op 23,4% fan it totale tal útbrochte stimmen dêr. Listlûker Bontenbal krige op itselde stimburo 23 stimmen.
Ek yn buordoarpen Sint Nyk en Tsjerkgaast krige Boelsma mear as tsien prosint fan de stimmen.
By Femke Wiersma (nûmer fjouwer fan de BBB) is it wenplakeffekt minder sterk: se krige yn Holwert 15 fan de 951 stimmen. Yn buordoarpen Brantgum en Raard krige se in heger persintaazje fan de stimmers achter har. De BBB waard yn Raard sels de grutste partij.
4. FNP wie yn Fryslân op twa sitten útkaam
De FNP hat by de Twadde Keamerferkiezingen net genôch stimmen krigen foar in sit. De partij fan Aant Jelle Soepboer krige yn totaal 9.331 stimmen, wylst 70.480 nedich wienen foar in sit.
Yn Soepboer syn thúsgemeente, Noardeast-Fryslân, krige de FNP 3,0 prosint fan de stimmen. Yn gjin inkelde oare gemeente die de FNP it better. Yn Nijewier, it wenplak fan Soepboer, krige de listlûker 34 fan de 307 stimmen, wat delkomt op 11 prosint. Allinnich Bontenbal en Wilders krigen dêr mear stimmen.
As allinnich Fryslân stimd hie en de rest fan Nederlân net, dan hie de FNP útkaam op twa sitten.
Sels omboartsje mei ûndersteande sitferdieling, om de ferskillen tusken Nederlân en Fryslân te sjen? Klik dan hjir.
Twa oare grutte ferskowingen yn de 'Fryske Twadde Keamer' binne dat it CDA seis sitten wint en D66 ferliest.
Oare winners yn Fryslân soenen BBB (3), Forum (3) en PVV (1) wêze, ta skea fan VVD (-3), DENK (-3), Partij voor de Dieren (-1), GroenLinks-PvdA (-1), SGP (-1) en JA21 (-1).