KAART: Hoe hat dyn doarp of wyk stimd? Besjoch hjir de útslach foar elk stimburo
D66 is benammen populêr yn de gruttere plakken yn Fryslân. De PVV ferliest sawat oeral yn fergeliking mei twa jier lyn, mar bliuwt grut yn de Fryske Wâlden én yn in soad gruttere plakken.
Dat komt nei foaren út in analyze fan Omrop Fryslân fan de sifers fan alle stimburo's yn de provinsje.
It CDA docht it benammen goed yn it westen fan de provinsje en yn de noardeastlike hoeke. Yn de Stellingwerven docht benammen de PVV it goed, mar is ek de BBB noch altyd relatyf populêr.
Ek yn gruttere plakken is PVV noch faak de grutste. Fan de tsien grutste plakken yn Fryslân, hat de PVV yn seis de measte stimmen krigen. Allinnich yn Ljouwert (GL-PvdA), It Hearrenfean (D66), Dokkum (CDA) en Frjentsjer (CDA) waard faker op in oare partij stimd.
Wolst fan elk stimburo sjen hoefolle stimmen oft elke partij krigen hat? Klik dan hjir.
De kleuren op boppesteande kaart jouwe in yndikaasje hoe't Fryslân stimd hat, mar sizze net alles. It docht der yn it Nederlânske systeem nammentlik net ta wa't de grutste is per stimburo. Alle stimmen yn hiel Nederlân wurde ommers byinoar opteld foar in totaalútslach.
Boppedat kin in partij by in hiel soad stimburo's as twadde einigje, mar dêrmei yn totaal wol in protte stimmen krigen ha.
Oar byld as yn 2023
De kaart jout wol dúdlik in oar byld as by foarige ferkiezingen, yn novimber 2023. Doe kleure Fryslân foar in hiel grut part PVV-blau. De partij fan Geert Wilders is noch altyd yn guon parten fan Fryslân it populêrst, mar net mear sa oerhearskjend as twa jier lyn.
Dit jier oerhearsket gjin inkelde partij, want njonken PVV binne ek CDA, D66 en GL-PvdA by mear as fjirtich stimburo's as grutste út de bus kaam. Ek de kleuren fan VVD en BBB komme noch werom.
NSC wie by de foarige Twadde Keamerferkiezingen noch by ferskate stimburo's de grutste, mar is no hielendal ferdwûn fan de kaart. Op mear as fjirtich stimburo's hat sels gjinien in fakje op de NSC-list ynkleure.
Grutste partijen
Om in dúdliker byld te krijen hokker partij it yn hokker regio goed docht, is it goed om te sjen nei it persintaazje stimmen dat in partij krigen hat.
Wolst fan elk stimburo sjen watfoar persintaazje stimmen in partij krigen hat? Klik dan hjir foar PVV, hjir foar D66 en hjir foar CDA.
Ut boppesteande kaarten wurdt dúdlik dat, hoewol't D66 net de grutste partij wurden is yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân, de partij fan Rob Jetten it yn dy gemeenten better docht as op in protte oare plakken yn Fryslân. It measte sukses hat Jetten yn Offenwier: dêr krige syn partij 116 stimmen, wat delkomt op goed 30 prosint.
De PVV hat net safolle stimmen krigen as twa jier lyn, mar benammen yn de Fryske Wâlden en yn de Stellingwerven hat Wilders noch in soad stipe. Dat jildt ek foar in pear wiken yn gruttere stêden, lykas Snits en Ljouwert.
It CDA is nei it djiptepunt fan twa jier lyn (5,3% yn Fryslân) werom: de partij krige dit jier 15,4% fan de stimmen. De partij fan Henri Bontenbal skoart benammen yn doarpen, mar hat ek yn de stêden Dokkum en Frjentsjer in solide basis.