Omrop Fryslân

72 oeren sûnder stroom: dit is wêrom’t de oerheid wol dat wy ússels rêde kinne

In needpakket
© ANP
Elke húshâlding yn Nederlân krijt in boekje troch de doar mei tips oer hoe te hanneljen by in grutte stroomsteuring. Yn sa'n gefal moatte boargers harren 72 oeren sels rêde kinne.
Dy tiid hat de oerheid nedich om it iepenbiere libben wer op poaten te krijen.
It liket fanselssprekkend. In druk op de knop en it ljocht giet oan. Iten yn de kuolkast en oars noch eefkes nei de supermerk. Jûns lekker waarm dûse en dan noch in aardige searje binge op de tv.

Gjin fier-fan-myn-bêdsjo

Mar wat as de elektrisiteit útfalt?
Gemiddeld sitte we yn Nederlân 23 minuten yn it jier sûnder stroom. Dat binne gjin gemiddelden om wekker fan te lizzen.
Mar de kâns dat it in kear finaal mis giet, wurdt grutter, warskôget it regear.
Cyberoanfallen, oarloch: mei de hjoeddeistige geopolitike situaasje is soks net mear in fier-fan-myn-bêdsjo.
En wat te tinken fan ekstreem needwaar?
Jeroen Gebben, is direkteur Feiligens fan de Veligheidsregio Fryslân
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Yn Valkenburg witte se dêr alles fan, en tichtby yn Bûtenpost kinne se der ek wat oer mei te praten.
Op twadde pinksterdei 2024 kaam dêr safolle wetter nei ûnderen ta, dat it rioel it net oan koe en in soad hûzen blank kamen te stean.

En dan giet it ljocht út, de kachel út en de tv op swart...

Mei wat kearskes yn hûs kin it wol gesellich wêze, mar hoe kinst dochs noch in waarm miel krije?
Wa't alle tips opfolge hat, hat fêst in campinggassteltsje yn de hûs mei in gasfleske.
As oerheid hawwe wy net antwurden op álle fragen. Dêrom freegje wy minsken om sels nei te tinken.
Jeroen Gebben, Veiligheidsregio Fryslân
De earste oeren komt it wol goed. Mar nei in skoft wurdt it wol kâld yn hûs en ferhip: It húske spielt net troch!

Help! Wat moatte we dwaan?!

Wy freegje it oan Jeroen Gebben. Hy is direkteur Feiligens fan Veiligheidsregio Fryslân, in gearwurkingsferbân fan alle Fryske gemeenten op it mêd fan rampe- en krisisbestriding.
Hy sil wol ried witte, dochs?
Mar Gebben hellet de skouders op: "As oerheid hawwe wy net antwurden op álle fragen. Dêrom freegje wy minsken om sels nei te tinken oer wat handich wêze soe yn harren situaasje."

Lekker dan! Wy moatte dus ússels rêde

Trije dagen, ferwachtet Gebben. Ut ynternasjonaal ûndersyk hat bliken dien dat it regear sa lang nedich hat om de rezjy wer yn hannen te krijen en grut maleur op te lossen.

Hoe geane se te wurk?

Dêr hat de direkteur wol antwurd op, want foar sokke situaasjes oefenet de Veiligheidsregio geregeld.
Dat dogge se mei de kollega's fan Drinte en Grinslân, want in grutte krisis hâldt 'm yn de regel net oan de provinsjegrinzen.
Dronefoto fan it wurk oan de heechspanningsmêst by Frjentsjer
© Lennard Jan Geerts
Komt der sa'n grut ynsidint dan giet by de Veiligheidsregio it alarm ôf. Yn Drachten wurdt dan fuortendaliks de Mobiele Commando Plaats Incident-wein nei bûten riden.
Dizze MCU giet nei it plak fan it ynsidint. De rest fan it lân kin dan lêst hawwe fan in stroomsteuring, mar yn de bus docht alles it, want dy draait op in grut aggregaat.

Worstcasesenario

Yn de frachtwein komme de kopstikken fan brânwacht, plysje, ambulânse en gemeente byinoar.
Yn it gefal fan in stroomsteuring sille ek Liander en Tennet oanskowe om te sjen wat se dwaan moatte.
''Wy betinke dan: wat as it meifalt, mar tinke ek nei oer in worst case-senario. Dat kin yn fiif minuten. Dan sette wy ús organisaasjes oan it wurk en dan komme we wer byinoar: wat moat der noch mear barre?"
As de krisis sa grut is, dat it buske te lyts is, wurdt der yn in haadkantoar fan de Veiligheidsregio in krisissintrum ynrjochte.
By in stroomsteuring kinne je better wat kearskes yn de hûs hawwe
© ANP
Yn de tuskentiid sitte wy noch thús sûnder stroom, mei in tekkentsje tsjin de kjeld en in campinglampke om by te lêzen.
Hooplik binne wy ferstannich west en hawwe genôch te iten yn de hûs en genôch wetter. Want der komt ek gjin wetter út de kraan.
Eefkes helje kin net, want grutte kâns dat automatyske doarren fan de supermerk net iepen geane. En as dy noch wol wurkje is der faaks net safolle mear te krijen en docht it pinapparaat it net.
Dêrom moatte we ek kontant jild yn 'e hûs helje. Mar hoopje dat we neat ûnder de lea hawwe en siik wurde.

Wat ast nei it sikehûs moast. Kinne we dêr noch wol telâne?

Dat hinget der fansels in bytsje fanôf, seit Ellen de Jong fan Nij Smellinghe yn Drachten.
As de stroom útfalt, wurde de krúsjale ôfdielingen iepenhâlden: de earste help en ek it bêdehûs sille fan stroom foarsjoen wurde.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
© Annemarie Fotografie
De operaasjekeamers geane nei alle gedachten ticht. Dat wol sizze; as de steuring net regiobreed is.
As der bygelyks yn Ljouwert wol elektrisiteit is, kinne spoedoperaasjes dêr útfierd wurde. Sa net, dan sille der ôfspraken makke wurde moatte tusken de sikehûzen.
Foar al dy senario's lizze draaiboeken klear.
Dêryn stiet bygelyks hokker ôfdielingen op it needaggregaat oansluten wurde moatte.
Hoe't it personiel dochs noch sjen kin hokker medisinen de pasjinten hawwe moatte en hokker ôfdielingen tichtgean.

Draaiboeken

"Op zo'n noodaggregaat kunnen we niet het hele ziekenhuis laten draaien. We kijken echt naar cruciale diensten. Zo liggen sommige medicijnen in de koeling. Daar moet dus wél stroom naar toe."
Wat net trochgean kin, binne de besites oan de poly. Pasjinten moatte ôfsein wurde.
"Daar hebben we ook plannen voor. Het kan via social media, maar als dat niet werkt ook via de media."

Needfrekwinsje

Yn gefal fan in ramp fungearret Omrop Fryslân as rampestjoerder foar dizze provinsje. De útstjoering is dan te hearren op de folgjende frekwinsjes.
  • 92,2 (Jirnsum)
  • 92,5 (Smilde)
  • DAB op 5A
Omrop Fryslân is yn it gefal fan soksoarte krises de 'rampestjoerder'. Dêr is dan bygelyks te hearren wêr't de needstipepunten binne.
Den Haag wol dat alle gemeenten sokke stipepunten oanwiist, sadat alle boargers ien plak hawwe dêr't se gearkomme kinne foar de lêste ynformaasje en de tillefoan eefkes oplade kinne.
Gebben: "En mocht it ek speak rinne, mei de rampestjoerder, dan kinne wy ek noch altyd mei lûdsweinen troch de strjitten."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.