Omrop Fryslân

In hurde klap en in fallende kabel: dit is it ferhaal fan de mêst by Frjentsjer

Rydplaten nei de mêst ta
© Omroep Zilt
It begûn mei in hurde klap en in fallende kabel. De oanfarring mei in heechspanningsmêst by Kystersyl hie grutte gefolgen. Foar Ljouwert en omkriten, dy't sûnder stroom sieten, mar ek foar it bedriuweterrein yn Frjentsjer. Dit is wat wy oant no ta witte.
Op moandeitemiddei 14.30 oere fear in skip mei in kraan derop tsjin in heechspanningsmêst by Kystersyl oan. Ien kabel rekke stikken, in oare swier skansearre.
As gefolch siet in grut diel fan Ljouwert en omlizzende doarpen oeren sûnder stroom. Treinen tusken Ljouwert en Harns Haven rieden tiisdei noch altyd net.
"Je zag eerst heel veel rook, en toen die kraan die naar beneden kwam. Een flinke dreun, en toen viel de kraan op de boot", fertelt Joachim Boog. Hy fear achter it skip op dat stuit en seach it ûngelok barren.
De mêst by Kystersyl
© Omrop Fryslân
In grutte operaasje folge om de stroomsteuring te ferhelpen, en dat wie dreger as earder tocht. Om in oere as 21.00 hie TenneT, de behearder fan it elektrisiteitsnet, in omlieding makke en giene de ljochten yn Ljouwert wer oan.

Mêst ynstabyl

Mar de situaasje wie noch lang net oplost. Moandei om 18.00 oere hinne waarden ferskate helptsjinsten al oproppen by de mêst. GRIP-1 waard ôfkundige om de helptsjinsten better gearwurkje te litten. De mêst wie ynstabyl, en der wie gefaar dat er omfalle soe.
Letter op 'e jûn waard dêrom in grut gebiet om de mêst hinne ûntromme en bedriuwen yn dat gebiet op 'e hichte steld.
Tiisdei sieten in soad bedriuwen noch altyd yn ûnwissens. Troch de ferskate ôfslutingen op de dyk koene guon de frachtweinen mei guod noch krekt op 'e tiid by it bedriuw weihelje, oaren moasten ymprovisearje.
De lokaasje fan de heechspanningsmêst, oan de oare kant fan it wetter sit in bedriuweterrein
© Omrop Fryslân
"It hat wol ympakt", seit August de Haan fan skjinmakbedriuw Buwalda. "Wy moasten klanten belje fan: wy komme letter of wy komme net. Dat wie wol even skeakeljen fan 'e moarn. De telefoan giet om 07.30 oere, hoe kinne je dy opnimme as je der net by kinne?"

Pindeltsjinst

Sa waard in 'pindeltsjinst' opset troch de organisaasje fan it bedriuwenterrein. Se regelen in lyts boatsje om wurknimmers yn it gebiet te krijen dat noch wol feilich ferklearre wie, mar net te berikken.
It boatsje dat ynset waard as pindeltsjinst hat in stik as wat wurknimmers oerset
© Omrop Fryslân, Iris Witzenburg
Mar dy pindeltsjinst waard al gau út de feart helle. De Veiligheidsregio Fryslân joech as ferklearring: "We willen geen enkel risico lopen dat er mensen gewond raken."

Kraan te swier

Earst like it derop dat TenneT mei in grutte kraan om in oere as 10.00 de mêst stabyl meitsje koe. Ek dat foel ôf: de kraan wie te swier foar de dyk dêr't er oerhinne moast. Dus waarden manmachtich rydplaten dellein.
De dei nei de oanfarring mei de heechspanningskabel
Om 15.00 oere wie de kraan lang om let te plak, en koe de reparaasje úteinsette. De ferwachting is dat dat noch wol even duorje sil.
Ek waard tiisdei bekend dat beide skippers fan it skip dat tsjin de kabel oanfearn is sjoen wurde as fertochte. Dat is standertproseduere, meldt de plysje.
De gemeente Waadhoeke hat in needferoardering ynsteld om it gebiet fan de heechspanningsmêst hinne yn Frjentsjer. Dat is fanwegen de mooglik gefaarlike situaasje dy't ûntstean kin by de wurksumheden oan de heechspanningsmêst.
It is noch net dúdlik oant wannear de needferoardering fan krêft is.
Netbehearder TenneT ferwachtet dat tiisdei om 19.00 oere hinne begûn wurde kin mei it stabilisearjen fan de heechspanningsmêst by it Van Harinxmakanaal.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.